Earste keninklike lintsjes útrikt: "In protte drokte om neat"

Boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Waadhoeke rikt de keninklike ûnderskiedingen moandei op in wol hiel bysûndere wize út. Waanders giet mei in mobile húskeamer achter in trekker by de gelokkige ynwenners yn har gemeente del. Net elkenien hat yn de gaten wat it doel krekt is fan de optocht. "Wy tochten dat de buorman in nij hok krige!"
Sjoch nei de reportaazje
Boargemaster Waanders is mar wat wiis mei dit bysûndere alternatyf om de lintsjes dit jier út te rikken. "It is moai, it is ferrassend. Wy sette minsken yn it sintsje en hâlde in taspraak. Dit is wol in hiel bysûndere wize om dat te dwaan. It giet úteinlik om de minsken sels. Om't net elkenien der by wêze kin, ha wy it sa regele dat minsken online meisjen en meiharkje kinne. Sa kin elkenien meigenietsje."
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Ien fan de Friezen yn de gemeente Waadhoeke dy't dit jier in lintsje krijt, is Ben Scheepstra (63 jier) fan Frjentsjer. Hy wie ien fan de driuwende krêften achter it Sinteklaasmearke yn syn stêd en wie ek aktyf foar de follybalferiening.
Scheepstra hie de triennen yn 'e eagen doe't er it lintsje krige. "Dit is geweldig. Ik had helemaal niets in de gaten. We zaten in een vergadering en toen kwam de burgemeester ineens binnen. Ik zat aan mijn stoel genageld. Ik had hier niet een moment over nagedacht. Maar het is wel heel bijzonder dat andere mensen vinden dat ik hier een lintje voor verdien."
Ben Scheepstra krige in lintsje
Jacob Stornebrink en syn frou Tiny Stornebrink-Hogeling © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Ek it pear Jacob Stornebrink (88) en syn frou Tiny Stornebrink-Hogeling (84) út Dronryp waard nei de mobile húskeamer lokke. Op de fraach wat Jacob Stornebrink fan it lintsje fynt, antwurde er koart mar krêftich: "Dit is in soad drokte om niks."
"Dat meisto net sizze", rôp syn frou Tiny. Beide hiene neat yn 'e gaten. Stornebrink: "Ik tocht: de buorman krijt in nij hok. Set it hok hjir mar efkes foar by ús del, sei ik noch." Syn frou is wakker entûsjast. "Der kaam ek noch in plysje by. Wy hienen neat yn 'e gaten. Mar dit is geweldich!"
It echtpear Stornebrink krige in lintsje