Faksinaasjelokaasje yn Koudum iepene

26 apr 2021 - 11:22

Yn Koudum is moandei de faksinaasjelokaasje iepene yn de sportseal fan doarpshûs De Klink. It is dêrmei de sande lokaasje dêr't de GGD minsken faksinearret tsjin it coronafirus.

Foto: GGD

Jacob en Ieke Breimer út Balk krigen de earste prik. Ek wethâlder Bauke Dam fan Súdwest-Fryslân wie dêrby oanwêzich. De GGD kin sa'n 600 prikken deis sette yn De Klink yn Koudum.

Mei elkoar binne ûnderwilens 135.000 ynintingen dien troch de GGD by ynwenners fan Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)