Linde College yn Wolvegea rjochtet coronatestlokaal yn

26 apr 2021 - 11:10

Om learlingen tenei rapper teste te kinnen op it coronafirus, rjochtet it Linde College yn Wolvegea in lokaal yn as testromte. Hjir kinne learlingen by harren sels in coronatest ôfnimme. In kertier letter ha se de útslach.

Foto: ANP Foto

Op dit stuit is it Linde College ticht fanwegen de foarjiersfakânsje. Dizze twa wiken wurde brûkt om in lokaal yn te rjochtsjen as testromte. Doel is dat learlingen hjir sels in coronatest dwaan kinne as se klachten hawwe. In kertier letter is de útslach bekend. Sa wol it Linde College besykje om it tal coronabesmettingen op skoalle sa rap as mooglik yn 'e kiem te smoaren.

Learlingen binne net ferplichte om de selstest te dwaan. Fan 16 jier ôf meie se dit dwaan sûnder tastimming fan harren heit en mem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)