D66 Weststellingwerf wol ferbod op gniisgas

De riedsfraksje fan D66 yn de gemeente Weststellingwerf wol in ferbod op gniisgas. In moasje foar it foarstel wurdt woansdei yn de riedsfergadering yntsjinne. Neffens D66 is gniisgas in akút probleem foar de sûnens en kin it yn ferbân brocht wurde mei oerlêst en oantaasting fan de leefberens.
© ANP Foto
D66 Weststellingwerf hat gjin nocht om te wachtsjen op in mooglik lanlik ferbod op gniisgas. Dat kin wol duorje oant 2022, sa tinkt de fraksje.
Yn maart waard bekend dat mear as de helte fan de gemeenten yn ús lân no sels it heft yn hannen nimt en in ferbod op gniisgas mooglik meitsje wol.