Kollum: "It sil heve"

It sil heve. De flagge mei út. Wy sille nei fjouwer jier wenjen yn in bryk, kreakjend, kierend en sigerich hûs einlings ferbouwe. In totale make-over, fan boppe oant ûnder.
© Janneke de Haan
De Toan fan Janneke de Haan
No is it net sa dat we hjir fjouwer jier lang dea-ûngelokkich wenne ha, beslist net. Wy ha in daalders plakje. Winterdeis lutsen wy gewoan in ekstra trui oan as it yn 'e wenkeamer net waarmer as fyftjin graden wurde woe. En foar it sigen oer de grûn ha we in pear filtene toffels (dikke tip trouwens) oanskaft.
By myn freon wie de oanlieding foar de ferbouwing dat hy genôch hie fan de flier. Dy liket nammentlik wol in bytsje op it gloaiende Limburchske lânskip. It is krekt oftst dronken bist ast fan foarren nei efteren rinst. By my wie it de badkeamer. Der krige ik sa stadichoan myn nocht fan. Ik hie myn liif fol fan dy ûnsjogge tegeltjes út it jier nul en fansels, jim riede it al: der ûntbruts in bad.
Foardat de oannimmer kaam, sei ik tsjin myn freon, 'we vragen gewoon eerst of ze de badkamer willen doen, dan is die maar klaar'. Thys sei daliks dat dat ûnhandich wie, mar afijn, hy hold him fierder stil, want hy wist hoe grut myn badwinsk wie. Doe't wy de man it hiele hûs sjen litten hiene en wy by de badkeamer kamen, sei ik dus: "Het zou mooi zijn als deze als eerste aan de beurt is." "No", sei de man wat betinklik, "dat liket my better fan net. We moatte foaroan yn 't hûs begjinne en we einigje mei de badkeamer." Dat sille we noch wol ris efkes sjen, tocht ik daliks. En ik wie yn myn holle al in plan oan it útbrieden.
Doe't de man in pear wiken letter it hiele ferbouwingsplan fan A oant Z oan ús foarlei, liet hy falle dat de boufak foar ús wol wat ûngeunstich útkaam. Se koene miskien wol krekt foar de boufak begjinne, mar dan sieten we wol in pear wiken yn 'e rotsoai. Yn myn holle popte daliks it wurd 'bad' omheech en foardat ik it goed en wol betinke koe, sei ik: "No, mar oars begjinne jim dochs gewoan mei de badkeamer? Is dy moai foar de boufak klear." Kin ik yn bad, tocht ik der noch efteroan, mar dat hold ik foar mysels. Sawol Thys as de oannimmer sieten my oan te sjen fan: 'famke famke, do hast gjin idee wêr'tst it oer hast'. De man sei dan ek: "Nee, dat is echt hiel ûnhandich, dat kinne we better net dwaan. Dy dogge we as alderlêste."
Ik fielde oan alles dat ik my der echt mar by dellizze moast. Twa moanne yn 'e ferbouwing. Twa moanne yn 'e camper kampearje yn 'e tún. We tomkje no alfêst foar in waarme neisimmer. En dus as alderalderlêste fan 'e folsleine ferbouwing; it nije bad. Ik kin jim no alfêst fertelle: de dei dat it bad klear is, blok ik yn 'e aginda. Moarns ryd ik nei de winkel, helje it lekkerste badsâlt, de djoerste bubbels en oare fancy guodsjes en middeis dobberje ik, as in prinsesse, yn bad. Yn 'e hûs dizze kear. Net bûten.
Ik kin der yn alle gefallen noch hiel, hiel lang nei útsjen."