Folle bak by testevenemint yn poppoadium Neushoorn

26 apr 2021 - 14:20

Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert is sneintejûn úteinset mei de lanlike proeftest foar tagong. Trije jûnen achter elkoar is der in konsert yn it poppoadium dêr't 102 minsken per kear nei ta meie. It earste testkonsert wie sneintejûn fan sjongeres Lakshmi. Om tagong te krijen, moast in besiker in negative coronatest sjen litte kinne.

Test Neushoorn

Gewoanwei passe der 700 minsken yn de seal fan Neushoorn, mar no meie der net mear as 102 yn. Ek al binne alle trije sjo's útferkocht, dit kin lang net út, seit Serge Hollander, direkteur fan it poppoadium. Mar hy is allang bliid dat de doarren wer efkes iepen meie. De hoop is dat Neushoorn op koarte termyn wer hielendal iepen mei. "We hebben ingekocht vanaf 26 mei, maar het blijft natuurlijk afwachten. We denken dat er veel behoefte zal zijn aan cultuur en we willen artiesten graag een kans geven om op te treden."

As fanâlds

Hollander ferwachtet dat it testen by de foardoar op de koarte termyn wolris in reëel senario foar harren wurde kin, nei dizze testmoanne. "We zien het liever niet, want het is een barrière. We hopen dat het testen er zo snel mogelijk afgaat, maar als we met testen open mogen, dan doen we dat graag." Hollander hat de hoop dat yn septimber alles wer gewoan is en dat men as fanâlds wer nei in konsert kin sûnder te testen en alle oare maatregels.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by it testevenemint yn Neushoorn

(Advertinsje)
(Advertinsje)