Hegeskoalle NHL Stenden bliid dat studinten wer komme meie: "Onze gebouwen waren ontzield"

26 apr 2021 - 14:30

Foarsitter Erica Schaper fan it Kolleezje fan Bestjoer fan NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert is ferromme dat studinten fan moandei ôf wer nei de hegeskoalle meie. "Studenten brengen zo veel energie mee. Het bruist al als je het plein oploopt. De gebouwen waren de afgelopen maanden echt 'ontzield'. Die energie van studenten heb ik het allermeest gemist."

Sjoch nei de reportaazje

De ôfrûne dagen is der folop wurk fersetten om it mooglik te meitsjen dat studinten fan moandei ôf feilich wer it gebou yn kinne. Schaper: "We willen geen grote opstoppingen, vandaar dat we nieuwe looproutes hebben uitgezet. Daarnaast hebben we werkplekken in het studielandschap gecreëerd en werken we met gidsen, die studenten begeleiden. Het doel is dat studenten zich gelijk weer heel erg welkom voelen."

Nije ynsichten

Moannenlang moasten studinten thús ûnderwiis folgje op ôfstân. Dat wie net altyd maklik, wit ek Schaper. Dochs hat de coronalockdown de hegeskoalle ek it nedige opsmiten, jout de bestjoersfoarsitter ta. "Tijdens de eerste lockdown stonden docenten online les te geven zoals ze dat ook voor de klas deden. Nu gebruiken ze allemaal tools om zo interactief mogelijk te werken. We hebben in digitaal opzicht ontzettend veel geleerd."

Takom stúdzjejier

Schaper hopet dat de weriepening fan de hegeskoallen moandei it begjin is fan in folsleine weriepening takom stúdzjejier. "De signalen zijn positief. Hopelijk kunnen we in september weer echt open. We gaan er vanuit dat we dan nog een klein stukje digitaal doen, maar toch vooral lessen weer fysiek kunnen geven. Grootschalige kennisoverdracht zoals een college kan in de toekomst prima digitaal blijven. Dat werkt goed, hebben we gemerkt. Maar onderwijs is toch vooral van en met elkaar leren door bij elkaar te zijn."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)