Yn Fryslân 74 lintsjes útrikt, minder as ferline jier

26 apr 2021 - 07:02

Mei de lintsjesrein krije 74 Friezen moandei in lintsje fan de boargemaster fan harren gemeente. Dat binne der 10 minder as ferline jier. Krekt as ferline jier bart it útrikken ek oars as oars. Elke gemeente giet hjir lykwols oars mei om.

Lintsjesrein - Foto: ANP

Fan de dekorearre minsken meie 5 fan harren har tenei 'Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau' neame. Alle oare 69 krije de keninklike ûnderskieding en binne tenei 'Lid in de Orde van Oranje-Nassau'. De measte minsken dy't in lintsje krije ha, binne manlju. Fan de 74 lintsjes gean der 46 nei in man en 28 nei in frou. 12 minsken krije as echtpear in lintsje.

De gemeente mei de measte lintsjes is Súdwest-Fryslân, mei 11 stiks. De gemeente Schiermonnikoog hat dit jier gjin lintsjes.

Oantal lintsjes de lêste 5 jier

Oantal lintsjes de lêste 5 jier
2021 74
2020 84
2019 72
2018 82
2017 88

Elke gemeente giet dit jier oars om mei it útdielen fan de lintjes. Sa giet boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân bygelyks mei in oranje bus by fiif minsken del om de lintsjes út te rikken. "Twa fan harren wenje yn Drachten en trije minsken yn de bûtendoarpen. It giet om ien frou en fjouwer manlju", ferklapt de boargemaster.

"Alle fiif ha se harren langere tiid ynsetten foar de mienskip en as boargemaster bin ik grutsk op harren. Wy sille op paad mei in oranje bestelbuske. In famyljelid sil it lintsje úteinlik opspjeldzje."

Boargemaster Jan Rijpstra

Binne jo benijd wa't in lintsje krigen hat yn jo gemeente? Om 13.30 oere wurdt der in list mei alle gelokkigen pleatst op de webside fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
lintsjesrein
(Advertinsje)
(Advertinsje)