Twa Friezen yn heale finale Champions League

Twa Friezen stean tiisdeitejûn op it fjild by de fuotbalwedstriid yn de heale finale fan de Champions League tusken Real Madrid en Chelsea. Se stean allinnich wol njoggentich minuten krekt bûten de linen. Dat komt om't Danny Makkelie troch it fuotbalbûn UEFA oanwiisd is as skiedsrjochter by de wedstriid. Syn fêste assistint-skiedsrjochters binne Hessel Steegstra fan Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk.
Hessel Steegstra, Danny Makkelie en Jan de Vries © Orange Pictures
In pear wike ferlyn kaam Makkelie noch yn aksje mei Hessel Steegstra en Mario Diks fan Ljouwert by it kwalifikaasjeduel tusken Portugal en Servië. It duel siet yn de blessueretiid by in 2-2 stân, doe't Ronaldo tocht dat er de 3-2 makke foar syn lân. Ut de werhellings die bliken dat de ynset fan Ronaldo oer de doelline wie, mar sawol Makkelie as Diks dy't oan dy kant assistint-skiedsrjochter wie, seagen it net.
Makkelie sei dêrnei it fertrouwen yn Diks op. Diks krige doe te hearren dat hy ek net mei Makkelie mei nei it Europeesk kampioenskip mei dizze simmer. Yn de neisleep fan dy beslissing waard Gytsjerkster Jan de Vries al oanwiisd as ferfanger fan Diks as assistint-skiedsrjochter by it team fan Makkelie.