Seldsume fynst troch Tresoar: film fan Joadsk ûnderdûkbern út 1944

25 apr 2021 - 18:12

Tresoar hat sneintemiddei in 8mm-film nei bûten brocht mei dêryn seldsume bylden fan in Joadsk famke wilens har ûnderdûktiid yn Fryslân. De filmbylden binne yn 1944 makke troch Frans Kloosterman út Ingwierrum. Mei syn frou Geeske Cordel soarge hy derfoar dat it famke, Lea, by harren ûnderdûke koe. De bylden binne by in live-útstjoering fan Omrop Fryslân presintearre.

De talkshow wurdt werhelle om 21.00 en 23.00 oere by Omrop Fryslân op telefyzje.

Lea Cohen wenne yn de earste jierren fan de oarloch mei har heit, mem, twa broers en suster yn Amsterdam. Yn 1943 dûkte de hiele húshâlding ûnder yn Veenendaal. Dêrnei waarden sy op ferskate plakken ûnderbrocht. Lea ferhuze nei it noarden fan it lân dêr't se fia ferskate ûnderdûkadressen by Frans Kloosterman en Geeske Cordel terjochte kaam.

It pear wenne yn Ingwierrum en hie dêr in winkeltsje. Sy hiene twa lytse bern, Johannes (Han) en Rixt (Rixtje). Harren waard net ferteld dat Lea, dy't ûnderwilens Leni van der Berg hiet, Joadsk is; sy krigen te hearren dat se út Rotterdam kaam dêr't it hûs fan har âlden by in bombardemint rekke wie.

Besjoch hjir it fragmint út de útstjoering

Oarloch liket fier fuort

De film toant bylden fan in skynber ûnbesoarge famyljelibben. De húshâlding drinkt kofje wylst de bern boartsje, der wurdt fiske, roeid en sabeare fochten en se bringe in besite oan in boarterstún.

Lea komt benammen yn byld yn de twadde helte fan de goed tsien minuten duorjende film. Sy is werkenber oan de twa lange frissels en meastentiids hat sy in donker jurkje oan. De bylden binne nei alle gedachten yn de maitiid en/of de simmer fan 1944 opnommen. Hoewol't Fryslân dan slim te krijen hat mei Dútske terreur liket de oarloch fier fuort. Yn de film komme gjin Dútske soldaten foar en ek oare tekens fan onderdrukking ûntbrekke.

Unike bylden

Films dy't Joadske bern yn harren ûnderdûk yn Nederlân sjen litte, binne hiel seldsum en op ien hân te tellen. Foar Fryslân giet it om unike bylden.

Foto: Tresoar

Dochs moat de spanning foar de famylje somtiden grut west ha. Sawol Frans as Geeske sieten nammentlik djip yn it ferset. Njonken Lea beaen se ek in feilich plak oan Gerrit Waas, in Joadske jonge, ek út Amsterdam. Mooglik stiet hy ek op de film, lykas Harry Davids en Fietje Buijtekant, Joadske bern dy't by oare húshâldings yn Ingwierrum ûnderdûkt sieten. It pear fersprate ek yllegale lektuer.

Oarlochswinter yn Ingwierrum

Lea belibbe nei in spannende oarlochswinter de befrijing yn Ingwierrum. Har âlden, broers en suster seach sy nei de oarloch werom. Yn 1959 gong Lea fuort út Nederlân om har yn Israel te fêstigjen, dêr't sy noch altyd wennet. Se troude yn 1965 mei Jacob Zamin, mei wa't se trije soannen krige: Jonathan, Moshe en Zeevik.

Noch altyd kontakt

As tank foar wat Frans en Geeske Kloosterman foar har dien hawwe, hat Lea foar harren de Yad Vashem-ûnderskieding oanfrege. Sels wurket se ek foar Yad Vashem. Sy kalligrafearret de oarkonden dy't oan de Rechtvaardigen (of Rjochtfeardigen) útrikt wurde. Lea hat noch altyd kontakt mei de famylje Kloosterman, mei Rixt en har nei de oarloch berne suster Maaike.

De filmrol is altyd troch de famylje bewarre en wurdt no foar it earst oan de bûtenwrâld toand. De film is digitalisearre troch it Fries Film en Audio Archief en is fan no ôf te besjen yn de digitale útstalling 'Wy kinne der noch wol ien bij ha' oer Joadske smokkelbern yn Fryslân yn de Twadde Wrâldkriich. De digitale útstalling is te sjen by Tresoar en is diel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)