Nije poëzyfideo 'Spegel' fan Dichter fan Fryslân

25 apr 2021 - 18:09

Nyk de Vries hat in nije poëzyfideo makke, it is in ferfilming fan syn gedicht 'Spegel', dat de Dichter fan Fryslân earder dit jier skreau. De film giet yn premjêre by Omrop Fryslân.

Poëzyfideo 'Spegel' fan Nyk de Vries:

Spegel


dêr stean ik wer
mei de hannen ûnder de kraan

inkeld in pear tellen duorret it
en toch far ik samar in ein hjirwei

wylst rûnom de wrâld raast en rabbet
en ús sa't it skynt tsjinoer inoar set

lit ik graach it seil even sakje
om my yn 'e lijte
oan dyn eachwink

oer te jaan

It gedicht is skreaun foar de ôftraap fan it projekt 'Wjerspegelje' fan Merk Fryslân en Leeuwarden City of Literature.

As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. Earder giene oare fersen fan de dichter yn fideopremjêre, lykas 'Begjin', 'Asman' en 'Hoe komt it moar?'

De poëzyfideo is snein 25 april om 17.50 oere op telefyzje te sjen, en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.

It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)