Minsken fan syljacht rêden

De Amelanner rêdingboat
Op de Waadsee ûnder It Amelân is moandei in syljacht yn swierrichheden rekke. It skip sloech alaarm, omdat it op it achterein wetter makke en oer de wjuk drige te gean.
De rêdingboaten fan Amelân Nes en Ballumer Bocht binne nei it skip fearn om help te ferlienen. Ek twa bergingsskippen binne ûnderweis. De rêdingsboaten hawwe de opfarrenden en de skipskat fan it syljacht rêden en nei It Amelân brocht.