Nyck de Vries yn twadde race yn Valencia nei 16e plak

25 apr 2021 - 15:44

Autokoereur Nyck de Vries is sneintemiddei teloarstellend 16e wurden yn de twadde Formule E race fan dit wykein. Yn it Spaanske Valencia moast De Vries starte fanôf plak 18, en yn de race slagge hy der net yn om mei te dwaan foar de punten.

Foto: Mercedes-EQ Formula E Team

Hoewol't De Vries in goeie start hie, hy gie binnen in pear rondes nei plak 15 ta, wie de rest fan de race in teloarstelling. Sneon wie De Vries noch winner fan de earste race op it sirkwy yn Valencia.

Yn it algemien klassemint fan de Formule E bliuwt De Vries oan de lieding nei seis races.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule E
(Advertinsje)
(Advertinsje)