Tal coronabesmettingen yn Fryslân wer krekt boppe de 200

25 apr 2021 - 15:23

Yn de ôfrûne 24 oeren binne 216 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der achttjin mear as sneon. Doe wiene der 198 nije besmettingen. Yn trochsneed binne der de ôfrûne wike alle dagen 211 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert en Smellingerlân, dêr giet it om 27 besmettingen. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân (23).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden ien nije sikehûsopname meld yn ús provinsje. It giet om in ynwenner fan de gemeenten De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 8.079 nije coronagefallen registrearre. Dat wiene der sneon 8.123.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)