FNP Hearrenfean: 'Oerheid moat meibetelje oan Thialf'

25 apr 2021 - 14:25

"We binne grutsk op Thialf, mar finansjeel hâldt it in kear op." Dat seit FNP-fraksjefoarsitter Ate Eijer fan de gemeenterie fan Hearrenfean. "Thialf is in nasjonaal sportsintrum, dan moat dat ek nasjonaal betelle wurde. Krekt as it swimsintrum yn Eindhoven en it atletyksintrum Papendal."

Ate Eijer, fraksjefoarsitter FNP Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Eijer reagearre yn it Nijsfoarum fan radioprogramma Buro de Vries op it rapport fan Pier Eringa oer de finansjele takomst fan de iishal op It Fean. Dêryn stiet dat der struktureel mear oerheidsstipe nedich is om Thialf oerein te hâlden. De rie fan Hearrefean wurdt frege om 236.000 euro yn it jier by te dragen yn de eksploitaasje. De FNP is dêrop tsjin. "We ha koartlyn al krap oan in miljoen tasein en no moat der wer jild komme. It hâldt in kear op", seit Eijer.

(Top-)sport gemeente

Wolle wy in sport- of in topsportgemeente wêze? Dat is de fraach, seit Eijer: "Ik soe sizze dat wy in brede sportgemeente binne. Topsporteleminten binne de slachrjemme op 'e taart, mar soks moat droegen wurde troch it hiele lân."

Eijer: "As gemeente ha wy trouwens ek al in miljoen betelle foar in turnhal. It hâldt écht in kear op!" Doe't de fraksjefoarsitter deroer frege waard, woe er úteinlik net sizze oft der nea wer in sint nei Thialf ta giet: "Dat is te swartwyt..."

FNP-fraksjefoarsitter Ate Eijer yn it Nijsfoarum

(Advertinsje)
(Advertinsje)