Persoan oanhâlden nei caravanbrân yn Drachten

Oan Het Zuid yn Drachten is sneintemoarn in caravan yn flammen opgien. Dêrby is ien persoan oanhâlden.
© De Vries Media
De swarte reekwolken wiene yn 'e wide omjouwing te sjen. De brânwacht fan Beetstersweach ried út om it fjoer te dwêsten. Fan de caravan is frijwol neat oer.
Foar safier bekend, rekke der gjinien ferwûne. Yn de omjouwing fan de útbaarnde caravan is in persoan oanhâlden. De plysje giet út fan brânstichting.