Sineeske kraanfûgel by Damwâld

De Sineeske kraanfûgel yn it wyld by Damwâld © Ben de Jager, 112Nederland.nl
Yn de greide by de Koarndyk yn Damwâld sit sûnt sneon in Sineeske kraanfûgel. Dizze fûgel komt yn Nederlân mar komselden foar yn it wyld. It bist is nei alle gedachten dan ek earne ûntsnapt.
De fûgel komt yn it wyld foar yn it fiere easten. It is ien fan de grutste en meast seldsume kraanfûgelsoarten dy't der is. It bist is hast 1 meter 50 grut en weaget sa'n 7,5 kilo. Bistetún Aqua Zoo by Ljouwert mist gjin kraanfûgel. Neffens de Fûgelhelling yn Oerterp is der gjin reden om it bist te fangen, omdat it in sûne en fitte yndruk makket.