Unike histoaryske opnamen yn nije podcastrige oer de Sterke Yerke

De legindaryske oerstek fan de oseaan mei it flot Sterke Yerke 3 yn 1979 is fêstlein op kassettebantsjes. De opnamen dy't de fjouwer Fryske avonturiers makken oan board fan it flot, binne no ferwurke yn in podcastrige: 'De Sterke Yerke 3 - in oseaan fan dreamen'.
De Sterke Yerke 3 ûnderweis © eigen foto
Meindert van der Meulen is yn 1979 nau belutsen by de Sterke Yerke. Hy wurket as audio- en fideotechnikus en leit op byld en lûd alles fêst wat mei de Sterke Yerke te krijen hat. As de fjouwer Yerke-manlju - Frits Riemersma, Leo van der Ploeg, Guus Schweigmann en Chris Schweigmann - fan start gean, krije se in kassetterecorder mei fan Meindert mei de opdracht safolle mooglik fan de reis fêst te lizzen.

Fjirtich oeren audio

Dat dogge se en it resultaat is mear as fjirtich oeren oan audio. Petearen dy't de manlju hawwe mei it thúsfront, de kontakten mei kranten, radio en telefyzje, it marifoanferkear mei oare skippen en deiferslaggen dy't foarlêzen wurde. It is allegear bewarre bleaun en troch Meindert van der Meulen argivearre.
Yn desimber 2019 krige Omrop Fryslân it materiaal fan Van der Meulen oerlange mei de fraach oft der in moai dokumint fan makke wurde koe.
Fjouwer jonge Friezen stutsen yn 1979 mei in selsboud flot de Atlantyske Oseaan oer. Mei de tocht woene se ûnder oare omtinken freegje foar de wetterfersmoarging op see. It eindoel, Kurasao, waard krekt net helle. By Bonêre rûn it flot op 'e klippen.

'Trip down memory lane'

Buro de Vries-redakteur Geartsje de Vries is dermei oan 'e slach gien. It resultaat is in radiodokumintêre dy't op snein 25 april 2021 útstjoerd is. Mar der wie noch sa'n soad moai materiaal oer dat Geartsje ek noch in podcastrige fan fjouwer ôfleveringen makke hat.
Mei 'De Sterke Yerke 3 - in oseaan fan dreamen' krijt de harker in prachtich lûdsbyld fan de legindaryske reis en it is ek in 'trip down memory lane' mei âlde opnamen fan it NOS-sjoernaal, ANP-nijslêzers, Radio Scheveningen en Radio Veronica.

Anekdoaten

Fan de fjouwer avonturiers dy't de oerstek makken, binne twa ferstoarn: Chris Schweigmann yn novimber 2019 en Leo van der Ploeg yn maart fan dit jier. De twa oerbleaune avonturiers, Frits Riemersma en Guus Schweigmann, hawwe yn in lang ynterview nochris oantinkens ophelle. Ek dy anekdoaten binne ferwurke yn de podcast.
Krij alfêst in yndruk fan de Sterke Yerke-podcast
'De Sterke Yerke 3 - In oseaan fan dreamen' is te finen op de gebrûklike podcastapps op de telefoan en ek by ús op de webside.