Sjoch werom hoe't tsientallen Joadske ûnderdûkbern inoar online moetsje

25 apr 2021 - 20:30

Tsientallen Joadske bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân ûnderdûkt wienen, binne dizze snein yn in live telefyzjeútstjoering byinoar brocht. De 'bern' fan doe binne no sa'n tachtich jier en wenje oer de hiele wrâld. Neist gasten oan tafel praat presintator Miranda Werkman mei se fia ynternetferbiningen.

It live-programma út it WTC Expo yn Ljouwert is hjirûnder werom te sjen:

Yn it ramt fan 75+1 jier frijheid is in online reüny organisearre foar de bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt sitten ha yn Fryslân. Yn dy tiid soargen studintes út Amsterdam en Utrecht dat seishûndert Joadske bern de oarloch oerlibben. De bern waarden nei pleechgesinnen op it plattelân smokkele ûnder oare yn Fryslân.

Bysûndere bylden

Yn de útstjoering binne ek bysûndere bylden te sjen fan in Joadsk ûnderdûkbern dat yn Fryslân wenne. It giet om Lea Cohen. Se kaam út Veenendaal en kaam úteinlik by de famylje Kloosterman yn Ingwierrum. De bylden binne nei alle gedachten út 1944. Wat foaral bysûnder is, is dat it bylden binne fan in heftich momint yn de oarloch, mar dêr is neat fan te sjen op de bylden. It liket hiel fredich en gesellich.

Yn de live-útstjoering praat Miranda Werkman mei twa suskes fan de famylje Kloosterman, Rixt en Maaike. Hoe sjogge sy werom op dy tiid? Ek ha se fia zoom in ferbining mei Lea Cohen, dy't no yn Israel wennet.

Bysûndere bylden út Ingwierrum yn oarlochstiid

De útstjoering heart by it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen'. In gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

Dêrby hearre ek fiif dokumintêres fan Fryslân DOK en in podcastrige.

(Advertinsje)
(Advertinsje)