Stienzer (23) oanhâlden mei luchtdrukpistoal en krúsbôge

De plysje hat sneontemiddei in 23-jierrige man fan Stiens oanhâlden om't er sketten hawwe soe mei in krúsbôge en in luchtdrukpistoal.
© Shutterstock
Om healwei fjouweren hinne kaam der in melding binnen dat der oan de Lege Hearewei yn Stiens sketten waard mei in fjoerwapen en in krúsbôge. De plysje ried manmachtich út. Der stiene minstens seis plysjeweinen yn de strjitte.
Aginten troffen in man oan mei in wapen yn 'e hannen dat op in fjoerwapen like. De aginten rjochten dêrop harren tsjinstwapen op de fertochte. De man waard oermastere.
It bliek om in luchtdrukpistoal te gean. De plysje trof ek in krúsbôge oan. Beide wapens binne yn beslach naam. De 23-jierrige Stienzer is oanhâlden.