FIDEO: Tsjerketsjinst yn Redbadtsjerke yn Jorwert

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen stjoert Omrop Fryslân faak tsjinsten út. Ek dizze snein wie der in tsjinst: út de Redbadtsjerke yn Jorwert wei, fan de Mienskip fan Nijkleaster en Westerwert. De foargonger wie Hinne Wagenaar.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.