SC Hearrenfean stelt publyk en trainer teloar: "Ik vond het slap"

24 apr 2021 - 20:19

"Ik vond het slap." Dat seit trainer Johnny Jansen oer it ferlerne duel fan SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle (0-2). De Fryske ploech koe sûnt lange tiid harren supporters wer ris yn eigen hûs fermeitsje, mar foar de 2.000 fans wie der net in soad te genietsjen.

It gie neffens Jansen direkt oan it begjin fan de wedstriid al mis. "Je ziet wel dat het elftal er energie in wil stoppen. Ze beginnen wel te lopen met elkaar, maar net niet genoeg samen en dus worden de ruimtes te groot. Het zag er gewoon niet goed uit", seit de trainer.

Wikselfallich

Middenfjilder Siem de Jong begrypt net goed wêr't dy wikselfallichheid wei komt. "Het is lastig te omschrijven. Het is wel dat we het sommige wedstrijden wel laten zien. Dus we kunnen het wel. Die constantheid en die vastigheid, ik denk dat we daar niet goed genoeg in zijn", seit De Jong.

Ferdigener Jan Paul van Hecke is bot teloarsteld dat se harren supporters sneon neat biede koene. "Ik ben heel chagrijnig. Dit had een hele mooie dag kunnen zijn, maar we hebben er niets van gemaakt", seit hy.

Hy is sels ek skuldbewust oer de twadde goal fan PEC. "Bij die tweede goal moet ik hem wegkoppen. Ik raak hem half en hij raakt hem half, zo gaat hij erin. Van mezelf moet het ook dus ook beter. Zoals het team gespeeld heeft, heb ik ook gespeeld. Je moet als team wel op een basis kunnen terugvallen, maar we gaan ver door die ondergrens heen."

Play-offs

De kâns dat de Friezen no noch de play-offs om Europeesk fuotbal helje, is in stik lytser wurden. It seizoen liket dêrmei as in nachtkears út te gean. "Dat ervaar ik op dit moment wel.", seit Jansen. "Maar laten we afwachten wat de concurrenten allemaal doen."

De konkurrinten om it achtste plak, FC Twente en Heracles Almelo, komme op snein noch yn aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)