Cambuur Sjoernaal: Ferslachjouwer Bangura docht ferslach fanút de bus

It wie noch lang ûnrêstich yn it Cambuur Stadion nei't de klup freed it kampioenskip behelle tsjin Jong AZ. Nei de 4-2 oerwinning yn Alkmaar giene de seleksje en technyske stêf fan Cambuur yn de bus werom nei Ljouwert. Linksback Alex Bangura liet op de weromreis sjen dat hy mear kin as allinnich mar oanfallers útskeakelje. Bangura gie mei de mikrofoan fan Omrop Fryslân troch de bus en dat smiet hiel bysûndere bylden op. Dat en mear yn in nij en ekstra lang Cambuur Sjoernaal.