SC Hearrenfean ûnder tasjend each fan 2.000 supporters ûnderút tsjin PEC

SC Hearrenfean hat sneontejûn it kompetysjeduel mei PEC Zwolle ferlern. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 0-2 foar de besikers.
© Orange Pictures
De Friezen begûnen it duel sûnder Henk en Joey Veerman. De smaakmakkers fan Hearrenfean testen yn oanrin nei de wedstriid posityf op it coronafirus.

Efterstân

De 2.000 Fryske supporters dy't by it duel oanwêzich wêze mochten, waarden yn de earste helte net traktearre. De wedstriid kaam pas yn bytsje op gong nei't de besikers yn de 28e minút op foarsprong kamen troch in doelpunt fan Pelle Clement.
Direkt dêrnei krige Hearrenfean de earste kâns fan de wedstriid, mar Tibor Halilovic skeat fia doelman en âld-Cambuurspiler Xavier Mous op de peal. Krekt foar it skoft makke Siem de Jong hast de lykmakker, mar ek syn ynset belâne op de peal.

Offinsyf

Ek de twadde helte hie net in soad spektakel yn him. Beide ploegen wiene swak, mar Hearrenfean hie wol krekt it bettere spul. Ta grutte kânsen kaam dat lykwols net. Uteinlik wiene it de besikers dy wol skoarden. Ferdigener Bram van Polen kopte in corner binnen: 0-2.
It publyk besocht it slotoffinsyf fan Hearrenfean noch wat ekstra krêft by te setten, mar echt tichteby in goal kamen de Friezen net mear. Dêrmei bleau de ploech fan Johnny Jansen mei lege hannen efter.

Tsiende plak

Troch de nederlaach stiet Hearrenfean no mei 37 punten út tritich wedstriden op it tsiende plak yn de earedifyzje. It gat mei Heracles Almelo op plak acht, dat rjocht jout op de play-offs om Europeesk fuotbal, is twa punten. Heracles hat lykwols dit wykein noch in wedstriid tegoede.
SC Hearrenfean - PEC Zwolle 0-2 (0-1): 0-1 28' Pelle Clement; 68' 0-2 Bram van Polen.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus (77' Smit), Van Hecke, Dresevic, Woudenberg (67' Kaib); Nygren (Van der Heide), Schöne, Kongolo (67' Hajal); Van Bergen, De Jong, Halilovic.