Restaurant Jouster Toer moat ôfsûging oanpasse op lêst fan twangsom

24 apr 2021 - 18:12

Restaurant De Jouster Toer moat, op lêst fan in twangsom, twa ôfsûchynstallaasjes oanpasse fan de gemeente De Fryske Marren. By guon buorlju feroarsaket it oerlêst. Hanthaveners fûnen dat de ynstallaasje op twa plakken net foldocht oan de easken. De gemeente fersocht de ûndernimmers ferline jier al om oanpassingen. De ôffierpiip fan it restaurant sels soe in stik heger moatte. En de piip dy't achter fanút de 'kookstudio' oer it terrein fan de buorlju giet, soarget foar 'geurhinder'.

Restaurant Jouster Toer moat ôfsûging oanpasse

Vronie Jansma sit mei har húshâlding geregeld yn de lucht en sels de reek fan dy twadde ynstallaasje. Dy giet flak foar harren rút del. "It is in kear bard dat der allegearre reek yn de sliepkeamer fan myn soantsje stie. Hy kaam kocheljend syn bêd út mei in walm reek."

Fan de hege piip hawwe se gjin lêst, wol fan de oare. "We rûke faak in rare lucht fan it sjú meitsjen. At it waarm is, bliuwt it oer it hiele perseel hingjen", seit Jansma.

Twangsom fan maksimaal 14.000 euro

Se kamen der net út mei it restaurant. De gemeente easket no foar 1 july in oanpassing en jout trije moannen de tiid om de oare piip te ferheegjen. Is it wurk dan net klear dan kostet it de ûndernimmer 700 euro yn de wike oant in maksimum fan 14.000 euro.

De eigeners fan de Jouster Toer litte witte alles oan te passen. Se sitte yn coronatiid net te wachtsjen op ekstra ynvestearringen, mar ek net op in twangsom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)