FIDEO: betinkingsstien foar Limburchske flechtelingen ûntbleate

24 apr 2021 - 17:51

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat, mei de lokoboargemaster fan Roermond, in betinkingsstien ûntbleate ta neitins oan Limboarchske flechtlingen. Sy kamen yn de Twadde Wrâldoarloch nei Fryslân ta, om te flechten foar de Dútske besetter. Symboalysk waard Fryske grûn en Limboarchsk sân fan de plakette fage. De betinkingsstien hat de namme 'In de verre huizen' krigen en is te finen njonken de haadyngong fan de Bonifatiustsjerke.

Dit wykein stjoert Omrop Fryslân dêroer diel twa út fan de Fryslân DOK-searje 'Smokkelbern'.

Sjoch hjir nei de ûntbleating fan de stien:

(Advertinsje)
(Advertinsje)