Nyck de Vries wint Formule E race yn Valencia

24 apr 2021 - 15:57

Autokoereur Nyck de Vries is sneon 1e wurden yn de fiifde race fan it wrâldkampioenskip foar elektryske sportauto's fan it seizoen. By de earste race fan it tredde racewykein yn de Formule E, yn it Spaanske Valencia, wie it De Vries dy't it bêste omgie mei syn enerzjy. Dêrtroch koe hy tsjin de ein fan de wedstriid de kopposysje oernimme. Troch de oerwinning giet Nyck de Vries no oan de lieding yn it algemien klassemint.

Foto: Formula E

Yn de earste ronde koe Nyck daliks nei plak fjouwer ta, mei tank oan in oanriding foar him. Der kaam in safety car, mar doe't dy fuort wie, gie De Vries it duel om plak trije oan mei Alex Lynn. It slagge de Fryske koereur om Lynn en Maximilian Günther op plak twa foarby te riden.

Nyck de Vries besocht dêrnei wol om it earste plak oer te nimmen fan António Félix da Costa, mar slagge dêr net yn. Dat kaam ek om't der ferskate ûngelokken barden, trochdat de baan flink wiet wie. Dêrtroch spile de safety car in grutte rol, en wie ynheljen ûnmooglik.

Yn de lêste ronde gie de safety car wer fan de baan, en doe die bliken dat Nyck de Vries syn enerzjy goed ferdield hie. Wêr't oaren snelheid ferlearen, koe De Vries trochriden bliuwe.

Kwalifikaasje

De Vries wie de race begûn op plak sân. Hy kwalifisearre him, nei de saneamde Superpole, as tredde mar hie noch in straf stean út de foarige race yn Rome. Dêrom soe hy de race begjinne moatte op plak acht, wie it net foar in straf fan teamgenoat Stoffel Vandoorne.

Snein is der wer in race yn Valencia. It is foar Nyck de Vries it twadde seizoen yn de Formule E. Ferline jier einige hy by syn debút as alfde.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule E
(Advertinsje)
(Advertinsje)