SC Hearrenfean sûnder Veermannetjes tsjin PEC Zwolle

24 apr 2021 - 15:39

SC Hearrenfean nimt it sneontemiddei sûnder Henk en Joey Veerman op tsjin PEC Zwolle. Beide spilers ha corona en moatte dus thús yn karantêne.

Foto: Orange Pictures

Middenfjilder Joey Veerman wurdt ferfongen troch Rodney Kongolo, wylst it plak fan oanfaller Henk Veerman ynnaam wurdt troch Benjamin Nygren. De wedstriid SC Hearrenfean - PEC Zwolle is sneontemiddei om 16.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân yn it programma Sneon yn Fryslân. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.

Goed 2.000 supporters yn it stadion

Foar dizze spylronde meie wer supporters nei it stadion. It Abe Lenstra Stadion hat plak foar 3.400 minsken. Der binne krekt wat mear as 2.000 kaarten ferkocht en dêr komme noch sa'n 100 oant 200 minsken by dy't útnûge binne of by spilers hearre.

Fans fan SC Hearrenfean moatte in negative coronatest sjen litte om tagong te krije. De fans koene net test wurde op It Hearrenfean, mar moasten nei Ljouwert, Grins of Zwolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)