Tal deistige coronabesmettingen yn Fryslân sakket ûnder de 200

Yn de ôfrûne 24 oeren binne 198 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der tritich minder as freed. Doe wiene der 228 nije besmettingen. Yn trochsneed binne der de ôfrûne wike alle dagen 217 besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, dêr giet it om 29 besmettingen. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân (23) en Smellingerlân (19).
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in bewenner fan It Amelân. Der waarden fiif nije sikehûsopnamen meld yn ús provinsje. It giet om ynwenners fan de gemeenten Waadhoeke (2), It Hearrenfean, Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 8.123 nije coronagefallen registrearre. Dat wiene der freed noch mear as tûzen mear: 9.292.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.