Opfallend coronaprotest yn Drachten troch Guerilla Mask Force

24 apr 2021 - 14:56

De Guerilla Mask Force Nederlân hat sneontemiddei in koarte demonstraasje holden yn Drachten. De demonstranten rûnen yn wite, beskermjende klean as protest tsjin de coronamaatregels.

Foto: SRFotografie

Dizze protestaksje komt út Switserlân en Dútslân en is oerwaaid nei Nederlân. Earder wie de groep aktyf yn Snits en Ljouwert. De aksjefierders fiere in soarte fan flashmob op yn har wite klean, sadat it der wat keunstsinnich útsjocht. De demonstraasje yn Drachten is rêstich ferrûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)