Studinteferiening Osiris hellet op de fyts jild op foar goede doelen

24 apr 2021 - 14:33

Fytse, skeelerje, in silent disko, bingo en skilderje: studinten fan feriening Osiris út Ljouwert organisearren dizze wike ferskate aktiviteiten om jild op te heljen foar twa goeie doelen. Se wolle de feriening ûnderhâlde no't dy al in jier stil leit, dêrneist helje se ek jild op foar it soarchpersoniel fan sikehûs MCL yn de stêd.

"Het zware deel komt nu, maar we hebben getraind"

Elk jier besiket de studinteferiening mei ferskate aktiviteiten om jild op te heljen foar goeie doelen. Dit jier moast dat folslein coronaproof barre. De studinten keazen foar it MCL as goed doel om't de meiwurkers yn de soarch ekstra hurd wurke ha it ôfrûne jier.

"Zij hebben in deze tijden wel een extra steuntje verdiend", seit de foarsitter fan Osiris, Arend Kroos. Foar de eigen feriening is keazen omdat de omset fan harren bar it ôfrûne jier ek swier hie.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

De wike mei aktiviteiten wurdt sneon ôfsletten mei in fytstocht fan 75 kilometer troch Fryslân. Guon studinten wenje al mear as in jier yn Ljouwert, mar hawwe noch nea bûten de stêd west. No fytse se bygelyks fan Ljouwert nei Skearnegoutum, Akkrum, Grou en Warten. "Het is wel mooi hier, met al die weilanden, bruggetjes en poortjes waar we langskomen", fertelt studinte Eline Huizinga, dy't mei de tocht meidocht.

Eline fytst mei har bestjoersgenoat Lieke Lont. Se hawwe by Skearnegoutum sa'n 25 kilometer op de teller stean en moatte noch 50 kilometer tsjin de wyn yn, werom nei Ljouwert. "Het zware deel komt nu, maar we hebben wel getraind", seit Lont. "Je fiets niet zomaar 75 kilometer op één dag", follet Huizinga oan.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by de earste post yn Skearnegoutum

De teller fan de ynsammelaksje stiet op dit stuit op ûngefear 2.000 euro. De studinten hoopje úteinlik 3.000 euro binnen te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)