Grutte groepsakkommodaasjes op It Amelân omboud ta apparteminten

24 apr 2021 - 16:16

Op It Amelân wurde grutte groepsakkommodaasjes omboud ta lytsere apparteminten. Of der komt, as dêr plak foar is, in camping by. Fan de 55 akkommodaasjes dy't der twa jier lyn wiene, binne der no noch 41 oer op it eilân.

Soad grutte groepsakkommodaasjes op Amelân omboud ta apparteminten

Groepsakkommodaasjes kinne ek dit seizoen noch gjin grutte groepen ûntfange. Neffens de brânzjeferiening wurde se fergetten by de plannen fan de oerheid om de maatskippij wer te iepenjen. Op It Amelân, dêr't der fanâlds in soad binne, mikke se no op lytsere apparteminten of in camping.

Annette Boelens, foarsitter fan de Vereniging Groepsverblijven Ameland, seit oer de rol fan corona: "Het heeft vooral het proces versneld van mensen die toch al een andere bedoeling met het verblijf hadden. Ze zijn of gestopt, of het bedrijf is overgenomen of men is op appartementen overgegaan."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

By De Vrije Wil yn Buren binne se drok oan it ferbouwen. Se geane hjir fan 35 bêden werom nei 16. In nije start foar de famylje Oud, mar dochs sille se de grutte groepen wol misse. "We hebben het zeventien jaar gedaan en we hadden heel veel vaste gasten. Daar bouw je toch een band mee op," seit eigener Anja Oud.

Der meie maksimaal fjouwer minsken op in keamer yn in groepsakkommodaasje. Grutte groepen kinne net nei it eilân komme. Al hawwe net alle fêste groepen besikers fan it eilân annulearre, sy hoopje dochs noch komme te kinnen. Der binne eigners dy't de opsje noch altyd iepen hâlde om, letter yn it seizoen, groepen oant tritich persoanen te ûntfangen. De kâns is lyts dat dat al yn de maaiefakânsje mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)