FIDEO: De Cambuur Felisitaasjetsjinst
It kampioenskip fan SC Cambuur yn de earste difyzje is in feit. De Ljouwerters waarden freed kampioen troch in 4-2 oerwinning by Jong AZ, wylst konkurrint De Graafschap net fierder kaam as in lykspul tsjin Almere City. Yn de Cambuur Felisitaasjetsjinst fan Omrop Fryslân komme âld-spilers en âld-trainers mei de lokwinsken oan de klup.