Corona smyt basketballers Aris út it bekertoernoai

24 apr 2021 - 11:35

It bekertoernoai sit der foar de basketballers fan Aris al op. Sneontemiddei stie it earste duel tsjin The Hague Royals op it programma, mar de Ljouwerters ha te krijen mei ferskate positive coronagefallen yn de seleksje. "Met meerdere positief geteste spelers in de selectie is het onverantwoord om met het team en de staf af te reizen naar Den Haag", sa lit de klup witte.

Foto: Orange Pictures

Yn de kompetysjewedstriid tsjin The Hague Royals fan tongersdeitejûn wie der ien positive spiler yn de seleksje. No binne dat der trije. Neffens foarsitter Rudolf Knegtering binne der kwalik seis fitte spilers foar it bekerduel. Dat is te min. Yn oerlis mei de Dutch Basketball Leauge en tsjinstanner The Hague Royals is besletten net nei Den Haag ôf te reizgjen en net te spyljen.

Dêrtroch hat de kompetysjewedstriid fan ôfrûne wike de lêste wedstriid west fan Aris fan dit seizoen. Dat duel kriget yntusken in flinke sturt. Earst gie Aris mei 61-63 ûnderút, dêrnei krigen de Ljouwerters te hearren dat se de wedstriid reglemintêr wûn hiene. Do hat de Dutch Basketball League dat lêste beslút dochs werom draaid.

Trefwurden: 
Aris basketbal coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)