Omrop TIP: Joadske bern yn Holwert, Blije en Ferwert

24 apr 2021 - 11:09

Yn Holwert, Blije en Ferwert hawwe yn de oarloch tsientallen Joadske bern ûnderdûkt sitten. Diel twa fan de Fryslân DOK-searje 'Smokkelbern' hjit 'Oan de ein fan de wrâld'. Te sjen op sneon 24 april by NPO2 en op snein 25 april by Omrop Fryslân. Ek is der op 25 april in talkshow, live op telefyzje.

Oan de ein fan de wrâld

It romme plattelânsgebiet oan de Fryske waadkust wie in feilich plak foar Joadske bern, sa die bliken. Hjir, 'oan de ein fan de wrâld', soargen dûmnys, dokters en oare pleatslike notabelen mei de oare doarpsbewenners foar ûnderdak. Yn Fryslân DOK ynterviews mei Ellen Israel en Ron de Pauw, dy't dêr as bern de oarloch trochbrochten.

Duitse soldaten

Amateurhistoarikus Jan van der Velde beskriuwt de sitewaasje yn Holwert. "Hjir sieten tsientallen Joaden ûnderdûkt en ek in soad bern. Der wiene wol Dútske soldaten yn it doarp, mar dy makken der gjin wurk fan. Dy wiene om it samar te sizzen 'foar har nûmer' yn tsjinst."

Jan van der Velde wiist skûlplak foar ûnderdûkers - Foto: Omrop Fryslân

Jetty van der Hoek

De ûnderdûkperioade hat in protte Joadske bern in djippe yndruk makke en bepaalt sels no noch harren libben. Jetty van der Hoek kaam as lytse poppe terjochte by de famylje Van der Molen yn De Knipe. Trije net-troude susters en harren broer soargen foar har.

Jetty van der Hoek - Foto: Omrop Fryslân

"Ze waren er altijd voor me"

Doe't Jetty nei de oarloch weromgie nei har âlders yn Utrecht, wie se bot ûnwennich. De Fryske famylje kaam earst tydlik, en letter sels definityf nei it midden fan it lân om yn har buert te wêzen. "Ze waren er altijd voor me", seit Jetty.

Betsy, Jan, Minke en Lamkje van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Smokkelbern Fryslân DOK en podcast

De fiifdielige Fryslân DOK-searje en de podcast 'Smokkelbern' fertelle de ferhalen fan de Joadske bern dy't yn 1942 en 1943 troch studinten út Amsterdam nei Fryslân smokkele waarden. Hûnderten bern oerlibben sa de oarloch.

Live TV-útstjoering op snein 25 april

Op snein 25 april om 17.00 oere is der in live TV-útstjoering oer de Smokkelbern. In talkshow mei gasten, unike filmbylden út de oarloch en live 'zoom'-kontakt mei de Joadske bern yn binnen- en bûtenlân. De talkshow wurdt werhelle om 21.00 en 23.00 oere.

Dit is wat we dogge yn it ramt fan 75+1 by Omrop Fryslân.

Fryslân DOK Smokkelbern diel 2 'Oan de ein fan de wrâld'

Sneon 24 april NPO2 15.30 oere (werhelling 25 april 13.10 oere)

Snein 25 april Omrop Fryslân 18.00 oere (werhelling 19.00 oere, 20.00 oere en 22.00 oere)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

Mear ferhalen en ynterviews? Lústerje nei Smokkelbern, de podcast

(Advertinsje)
(Advertinsje)