Sterkste Man fan De Harkema hat crowdfunding nedich foar sportskoalle

24 apr 2021 - 11:00

"Ik ben niet zo van het handje ophouden, maar het geld vliegt er momenteel echt uit." Kelvin de Ruiter fan De Harkema hat in sportskoalle en is der goed klear mei. "We weten gewoon nog steeds niet wanneer we weer open kunnen. En ondertussen lopen mijn kosten wel door, maar levert het niets op." In crowdfundingsaksje, ek al is it in lytse, moat soargje foar in bytsje lucht. "Elke euro is er één."

"Het kost me gewoon heel veel geld"

De Ruiter begûn syn sportskoalle op De Harkema in pear jier lyn. As fêste dielnimmer oan de Sterke Man-wedstriden moast der faak lange ôfstannen ôflizze om traine te kinnen. Om dat tichterby hûs te dwaan kaam er mei syn eigen bedriuw. Hy hierde in pân en rjochte it foar tûzenen euro's yn mei fitness-apparaten. Al gau kamen ek de earste klanten. Mar doe kaam corona.

"Toen zijn we eerst drie maanden dicht geweest, toen weer even open en daarna weer dicht. En dit keer veel langer." It lei de ynkomsten fan De Ruiter frijwol gelyk stil. Mar de kosten fan de hier en de elektrisiteit gean wol gewoan troch. En kompensaasje fan de oerheid kriget er net.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Ik heb eigenlijk twee bedrijven. Ik verhuur mezelf als ZZP'er ook in de bouw en daardoor heb ik een inkomen. En omdat ik dat inkomen heb zegt de overheid dat ik daarmee maar mijn andere bedrijf in de lucht moet houden." En dat giet dus eins net.

"Het is niet zo dat ik er nu mee op wil houden. Daarvoor vind ik het te leuk en heb ik ook teveel geïnvesteerd. Maar het kost me gewoon wel heel veel geld en dat vind ik gewoon niet kloppen."

Neffens De Ruiter hat er mei wat tsjinsin de aksje opset en op Facebook oan de bel lutsen. "Ik ben niet zo'n actievoerder en het heeft ook weinig zin. Maar de laatste persconferentie was voor mij de druppel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)