Fokkens oer eigen bouplan: "Vijf van de tien economen zullen zeggen dat het niet haalbaar is"

24 apr 2021 - 10:02

Deputearre Avine Fokkens lûkt har neat oan fan de krityk, dy't dizze wike kaam op it ambisjeuze bouplan foar hûnderttûzenen nije huzen yn ruil foar in flugge spoarferbining. "Zet tien economen bij elkaar, en leg het plan voor, en ik denk dat vijf economen zullen zeggen het is wel haalbaar, en vijf wellicht zullen zeggen het is niet haalbaar." Se set de plannen troch. "We willen het gewoon. Klaar."

Fokkens: "Vijf van de tien economen zullen zeggen dat het niet haalbaar is"

Earder dizze wike melden de noardlike provinsjes dat se mei inoar 220.000 nije huzen bouwe wolle, as der in nije spoarferbining oer Drachten komt. Yn Fryslân giet it om 45.000 huzen. Safolle steane der ek yn de stêd Ljouwert.

Saakkundigen ha krityk op de plannen. Neffens direkteur Taco van Hoek fan it Economisch Instituut voor de Bouw is it in kânsleaze misje. Hy tinkt net dat de huzen der komme. "Het plan lijkt meer ingegeven door het feit dat men graag infrastructurele investeringen wil hebben, dan dat het een oplossing is voor de woningnood."

Van Hoek seit dat der gjin belangstelling is foar hûnderttûzenen huzen yn Noard-Nederlân, omdat minsken sa fier net ferhúzje wolle. Neffens him wolle minsken ticht by de famylje wenje, oft der no wol of net in flugge treinferbining is.

Fokkens seit no dat it net de bedoeling is om minsken út it westen nei Fryslân te lokken, mei de nije huzen. "We bouwen de woningen in eerste instantie voor onze 'eigen Friezen', om het zo maar even te zeggen. Ook om ze hier te houden. Ik wil graag dat mijn kinderen hier kunnen blijven wonen, en werken. Dat wordt steeds moeilijker."

Yn It Polytburo prate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast oer de aktuele tema's yn de polityk. Dizze wike siet VVD-deputearre Avine Fokkens oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.

Fokkens is der net benaud foar dat de nije huzen skea tabringe sille oan de romte yn Fryslân. "Vergelijk het met de boot naar Ameland. Daar zitten heel veel mensen op, maar op het eiland zie je ze niet meer terug. De woningen staan straks door heel Friesland."

It is de bedoeling dat de measte nije wenningen yn gruttere plakken komme, seit Fokkens. Se neamt Drachten, Ljouwert en It Hearrenfean. "Die zullen het meeste bouwen, dat is de inzet. Maar we willen ook dat de dorpen eromheen ervan kunnen profiteren."

Fokkens 'teloarsteld' yn partijlieder Rutte

De measte listlûkers seine foar de ferkiezingen dat se de Lelyline graach ha woene. Mark Rutte sei dat net. Hy is de foaroanman fan deselde partij as Fokkens. De VVD. Fokkens is dêr teloarsteld oer.

Fokkens hie leaver sjoen dat Rutte 'ja' sei tsjin de Lelyline

"Ik had liever gezien dat hij volmondig 'ja' had gezegd tegen de Lelylijn", seit Fokkens. Mar neffens har is Rutte gjin tjinstanner. "Hij zei eerder dat het gek is dat Drachten niet aan het spoor ligt. Hij is niet tegen de Lelylijn. Maar de coronacrisis heeft veel geld gekost, zegt hij. Het moet wel betaald worden."

Steateleden letter ynformearre as de parse

Fokkens krige dizze wike stevige krityk út de Steaten, omdat de parse earder op de hichte wie fan de bouplannen as de provinsjale politisy. Fokkens woe sa foarkomme dat der wat útlekte. Fokkens beklammet dat de parse ûnder embargo ynformearre is. Dat betsjut dat de sjoernalisten wol op de hichte wiene, mar dat se ôfpraat ha om der net oer te publisearjen, yn dit gefal oant moandeitemoarn.

De steateleden wiene foar de publikaasje yn de parse op de hichte brocht, oer de e-mail. Dy mail is midden yn de nacht ferstjoerd.

"Ze waren wel van tevoren geïnformeerd", seit Fokkens. "We wilden de plannen goed neerzetten, zodat de boodschap ook overkomt in Den Haag. Dan is het normaal dat je de pers stukken onder embargo toestuurt. Dat doen we wekelijks."

"De argewaasje is oerdreaun"

De deputearre rekket hast pikearre, as Eric Ennema har freget oft de argewaasje oerdreaun is. "Ik heb een opdracht van de Staten. 'Fokkens, realiseer de Lelylijn.' Daar ben ik al twee jaar bijna dagelijks mee bezig. En dit is een manier om dat te doen."

Neffens Fokkens wurde de plannen net fan hjoed op moarn realisearre. "Dit zijn de bouwstenen. Het is aan het ministerie om dit op te pakken. Het is niet zo dat die woningen er binnen een paar jaar staan. Dat kan zomaar tot 2040 duren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)