'Oannimmers oars ynsette'
Wenningboukorporaasje WoonFriesland sil yn nije bouprojekten op in folslein oare wize mei oannimmers wurkje. De korporaasje hopet sa ferspilling en saneamde faalkosten foar te kommen. Neffens de korporaasje is it hurd nedich dat der op dizze wize ynnovearre wurdt yn de wenningmerk.
WoonFriesland wol der op ta dat oannimmers tenei garant steane foar it ûnderhâld en dêryn ek taken fan de korporaasje oernimme.