Nei 27 jier nimt rederij Doeksen ôfskie fan 'Oude Dame'

24 apr 2021 - 09:48

Rederij Doeksen ferkeapet it MS Midsland oan in rederij yn Grikelân. It skip sil farre tusken ferskate Grykske eilannen mei as thúshaven Pireaus. Troch de nije skippen Willem Barentsz en Willem de Vlamingh is de reserve-fearboat oerstallich wurden.

De Midsland fertrekt foar it lêst út Harns wei

De fearboat die altyd tsjinst tusken Harns en Skylge en waard as stand-in ynset by grutte drokte of as reserveboat foar it MS Vlieland. Direkteur Dirk Spoor is bliid mei de ferkeap. "It alternatyf hie sloop west dus is it prachtich dat de fearboat in twadde libben krijt," leit Spoor út.

Begjin dizze wike is de ferkeap rûn kaam. Doel is dat it skip gau nei Grikelân giet. "Dat kin de kommende dagen wêze, mar it kin ek noch in pear wiken duorje," seit Spoor.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De oankeapjende partij is Atlantides Shipping. Sy hawwe de ôfrûne wiken al meiwurkers nei Harns brocht om it MS Midsland klear te meitsjen foar de oerstek nei Grikelân. Sadwaande sil it skip mei Grykske flagge de haven fan Harns ferlitte.

It hast 80 meter lange skip waard yn 1994 troch Doeksen yn de feart naam. Dochs hat de fearboat altyd as bynamme 'De Oude Dame' hân. It yn 1974 boude skip waard makke yn Dútslân.

Trefwurden: 
fearboat Midsland Doeksen
(Advertinsje)
(Advertinsje)