Kollum: "Lelylijn: Optimisme feroaret yn pine yn de holle"

24 apr 2021 - 09:45

"Optimisme is in moai wurd. Der sprekt hoop út. Optimisme makket ús dagen lichter en soarget foar in gefoel dat we dingen oankinne. In positive vibe, yn nijmoadrich jargon. Mar der is ien grutte útsûndering by it brûken fan it wurd optimisme. As je it yn hannen jouwe fan plannemakkers. Dan feroaret optimisme geregeld yn pine yn de holle.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

It is net al te dreech om in stik as wat foarbylden te neamen. It Saailân, dat mei Abe Bonnema syn legaat fan 18 miljoen úteinsette en by oplevering mear as 120 miljoen koste hat. It stille drama dat dêr plakfûn hat mei ûndernimmers yn de achterlizzende gebouwen dy't jierren op tok hâlden binne en nea kompensearre. Nimmen hat it der oer, mar rin mar ris troch de kelder fan it Saailângebou. Hast gjin winkel mear te bekennen.

Noch ien: It Polderhoofdkanaal. As je dat wurd yn de gemeentehûzen yn Drachten en Beetstersweach sizze, sjitte der noch altyd minsken spontaan yn de stress. Yn Drachten ha se noch in moai foarbyld, De Lawei.

Mar eins kinne je sizze dat by hast alle grutte projekten de woarst dy't de minsken foarhâlden wurdt goedkeap is, sa lang as je der mar net yn bite. Dizze wike gie it oer in oantal saken. Pine yn de holle dossier Thialf, dat struktureel jild te min hat. Foar in fiks part omdat der yn Ljouwert sa nedich ek in 400 meterbaan komme moast dêr't in soad reedrydteams út it noarden fan Fryslân no traine, mar dat wurdt net iens neamd omdat je dan net populêr binne.

Dochs mist Thialf al dy ynkomsten, dêr hoege jo net in rekkenwûnder foar te wêzen. Der sil dus alle jierren jild by moatte om de topsport te fasilitearjen. De fraach is net oft de reedryd BV Nederlân dat dwaan sil, it giet inkeld oer it ferdielen fan de skea. Der is nammentlik net ien fatsoenlik alternatyf foar Thialf, dat is ien fan de saken dêr't we nei de fernijbou hiel optimistysk oer wêze kinne. Thialf sil dus wol bliuwe.

Leare planmakkers dan net fan it ferline? No, nee. Dat is harren taak ek net, it is de polityk dy't nea wat ûnthâldt. Dat mei de foarsichtich negative konklúzje wol wêze as je nei it folgjende debâkle yn oprjochting sjogge. Planmakkers blike faak safolle oertsjûgingskrêft te hawwen dat se de sittende polityk ferliede om as gekken yn dy fette woarst te happen.

Pier Eringa sei it dizze wike sa: Yn de plannen om Thialf te bouwen siet neffens him 'in stik optimisme'. 'Oan de foarkant fan sa'n projekt wurdt faak in berekkening makke dy't achterôf net blykt te klopjen.'

Sterker, de polityk is ree om grutte projekten út te ruiljen, sa die dizze wike bliken. It Saailân, De Lawei, Thialf en it Polderhoofdkanaal binne klein bier by it plan dat de bestjoeren fan de noardlike provinsjes yn coronatiid yn in pear moanne yninoar rammele ha. Mei grutte wurden wurdt it it Delta-plan foar it Noarden neamd. En it moat yn dizze foarm absolút net trochgean. Want it is in klassyk gefal fan happe yn de fette woarst dy't yn dit gefal sa djoer wurde sil dat nimmen mear wit oer hoefolle jild it giet. Mar dat is noch net iens it slimste oan dit gedrocht.

Witte jim wat it grutste kapitaal fan Fryslân is? Dat is ús romte. De grutte kwaliteit fan skjinne loft en wenjen. Wy binne net foar neat de provinsje dêr't de minsken it lokkichst binne. De plannen foar in Lelyline en de megalomane oantallen nije wenningen dy't troch yn ôfsletten bubbels wenjende en wurkjende bestjoerders even op papier skiten binne, sille dramatyske gefolgen ha foar alles dat Fryslân sa eigen en moai makket.

En nee, ik bin perfoarst net tsjin fernijing. Ik ha echt wol sinnepanielen op myn dak. Mar witte jim wat it is? Al dy sinneparken en wynparken dy't no yn de moade binne, is it probleem net. As we in jier as wat fierder binne en der oplossings binne dy't better binne en minder yngreep op ús lânskip ha, kinne dy parken wol wer ûntmantele wurde en dan ha je wer greiden en wetterplassen.

It probleem is de grûn dy't mei hûzen beboud wurdt. Dy wite skimmel wurdt nea wer ôfbrutsen. En lit jim net ferliede om yn de fette woarst fan de planmakkers te biten, it ferhaaltsje dat it gros fan dy hûzen yn de besteande stêden komme, is laarjekoek. Dy oantallen is gewoan gjin romte foar en dus sille der grutte stikken fan ús fergeze romtlike kapitaal opoffere wurde moatte. Dat kin mar ien kear.

As de polityk echt wat mei Fryslân hat, soenen se dizze kear ris oer de koarte termyn hinne sjen moatte. De fraach oer urginsje fan it ferkloaten fan in unyk lânskip freget folle yngrevener ûndersyk as nei in pear moannen in optimistysk kleure proefballon oplitte. Dy stekke we by dizze hartstikkene lek."

(Advertinsje)
(Advertinsje)