Mear as 200 fans wachtsje spilers fan Cambuur op

Mear as twahûndert supporters ha de spilersbus fan Cambuur freedtenacht opwachte op it Cambuurplein. De spilers kamen kertier oer twaën hinne werom yn Ljouwert. Mei fjoerwurk en sjongerij waarden de spilers ynhelle.
fjoerwurk op it Cambuurplein © AS Media
Oant healwei twaën wie der net folle te rêden op it plein. De plysje wie manmachtich oanwêzich yn de wyk om it stadion hinne. Om healwei twaën hinne kaam in groep supporters it plein op. Se wiene oan it sjongen en stutsen fjoerwurk ôf. Dêrnei kamen der gau mear supporters by. Doe't de spilersbus oankaam, wiene it der mear as twahûndert.
De fans holden har dus net oan de jûnsklok en se holden ek net oardel meter ôfstân. De plysje grypte net yn.
Nei't de spilers tasongen wiene, giene de measten frij gau wer fuort.