Dream komt út foar Cambuur: "Hier doe je het voor, wij zijn de nummer één!"

24 apr 2021 - 00:24

"Hier hebben we vorig jaar al over gedroomd", seit SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten nei it beheljen fan it kampioenskip yn de earste difyzje. De Ljouwerters promovearren ferline wike al nei de earedifyzje, mar de ûntlading is no net minder grut. "Hier zijn geen woorden voor. Onbeschrijflijk", seit oanfaller Issa Kallon.

"Hier doe je het voor. De nummer één, dat zijn wij: Cambuur Leeuwarden", seit de flugge fleugelspiler. "Daar zijn we supertrots op. Ik hoop dat de supporters ook trots op het zijn, want daar doen we het ook voor."

Besef

Dy supporters waarden by it kampioensfeest yn it AFAS Stadion bot mist. "Ik bin no wol rêstich, want ik mis de supporters wol", seit trainer Henk de Jong. "Ik besef it no hielendal noch net. It is sa leech, der is gjin 'kip'. Dat is skande."

Ek Schouten hie it feestje graach mei de fans fierd. "Echt doodzonde", seit de oanfierder. "Vorig jaar zulke mooie wedstrijden gehad met publiek. Die sfeer is dan zo anders. Dat voel je nu niet. Dat is doodzonde. Maar we moeten echt wel vieren, want we hebben hard gewerkt", seit hy.

Symbolyk

Dat Cambuur no op besite by Jong AZ it kampioenskip fiere kin, hat foar algemien direkteur Ard de Graaf in ekstra laach. Twa jier lyn kaam dêr de omslach, doe't Cambuur ferlear fan Jong AZ. De Graaf en Van den Belt beseften doe: it moat oars. It resultaat is der no.

"Soms gebeuren dingen zoals ze moeten zijn. De symboliek is duidelijk. Prachtig dat we het plan hebben ingezet en dat we mensen enthousiast hebben gekregen. Maar de credits gaan nu vol naar staf en spelers, want wat die gedaan hebben is uniek", seit De Graaf.

Yntusken hat Michael Breij der in 'bacootje' by pakt. "Ik vind het allemaal prima nu. Wat wij hebben neergezet is geniaal", seit de middenfjilder. "Mitchel Paulissen zei ook tegen mij: dit maken we nooit meer mee. Net ook in de kleedkamer die ontlading en die gekkigheid. Het is echt prachtig."

Ek Jarchinio Antonio is folop oan it genietsjen fan it feest. "Ik keek wel met een beetje spanning naar die andere wedstrijd", seit hy. "Nu kunnen we daadwerkelijk gaan feesten met die schaal. Anders moesten die champagneflessen weer de bus in en dan had ik niks te drinken."

'Toetje'

Mei it drinken is ek topskoarer Robert Mühren alwer begûn. Hy gie ferline wike by de promoasje foar tritich glêzen bier. "Vanavond het zelfde plan", seit Mühren, dy fynt dat hy it fertsjinne hat. "Wij hebben het gewoon gedaan na twee jaar bovenaan te staan. Vorige week was de ontlading al groot en dat is nu nog een beetje extra."

"We zijn verreweg de beste en dat laten we elke week weer zien. Die schaal is gewoon een toetje voor twee mooie jaren", slút Mühren ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)