Folle mear kannabisferslaafden

23 jul 2012 - 12:44

It tal minsken dat behannele wurdt foar kannabisferslaving is yn Fryslân yn fiif jier tiid ferdûbele. Dat meldt Verslavingszorg Noord-Nederland. Ferline jier binne der 300 minsken oanmelden foar behanneling. Lanlik is it tal minsken dat behannele wurdt foar kannabisferslaving sels fertrijefâldige.

Mei-inoar waarden yn Nederlân yn 2011 11.000 minsken behannele. Dat meldt it Trimbos-ynstitút. Fan de kannabiskliïnten jout 40 % oan dat se ek oare middelen brûke as hasj en himp. En 40 % is jonger as 25 jier.

Neffens ûndersiker Frank Brook fan ferslavingssoarch is it ek in probleem dat de wyt fan hjoeddedei folle sterker is as in jiermannich lyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)