Cambuur kampioen fan de earste difyzje

23 apr 2021 - 22:55

SC Cambuur is kampioen fan de earste difyzje. De Ljouwerters wiene op besite by Jong AZ mei 4-2 te sterk, wylst nûmer twa De Graafschap yn eigen hûs mei 2-2 lykspile tsjin Almere City. Cambuur is dêrtroch net mear te efterheljen. Ferline wike waard de promoasje nei de earedifyzje al feilichsteld.

Foto: Orange Pictures

De ploech fan Henk de Jong kaam al gau op foarsprong yn it AFAS Stadion. Peer Koopmeiners wurke yn de tolfde minút in foarset fan Jarchinio Antonia efter syn eigen doelman. Fiif minuten letter brocht Robert Mühren syn seizoenstotaal op 35 doelpunten mei in behearske skot yn de fiere hoek: 0-2.

Foar de folgjende goal hie de oansteande kampioen mar fjouwer minuten nedich. Diskear wie it Issa Kallon mei it doelpunt nei in foarset fan Antonia.

Firtueel kampioen

Nei de 3-0 like it Cambuur wol bêst, mar krekt yn de faze dat Jong AZ wat better yn de wedstriid kaam, skoarde Cambuur. Oanfierder Erik Schouten kopte in korner fan Mees Hoedemakers binnen. Dêrmei brocht hy de rêststan op 0-4.

De Graafschap hie nei 45 minuten ek in foarsprong op it skoareboerd, mar yn de blessueretiid fan de earste helte kaam Almere op likense hichte. De ploech fan Henk de Jong gie it skoft dus yn as de firtuele kampioen.

Foto: Orange Pictures

Nei it skoft die bliken dat de thúsploech dochs kwaliteit yn hûs hie, doe't Yusuf Barasi mei in hiele knappe goal de stân op 1-4 brocht. Dat skodde Cambuur lykwols net wekker, want noch gjin trije minuten letter wie it dyselde Barasi mei de 2-4.

Cambuur spile yn Alkmaar ien fan de minste helten fan it seizoen, wylst De Graafschap yn Doetinchem op efterstân kaam tsjin Almere City. Mei dy stân soe Cambuur dus sels genôch hawwe oan in lykspul.

Mei troch dy kampioenskoarts kaam Cambuur yn it slot net mear ta skoaren en bleau it 2-4. Yn Doetinchem waard it yn de slotsekonden noch wol 2-2, mar in oerwinning siet der foar De Graafschap net mear yn. Dêrmei waard Cambuur foar de tredde kear yn de histoarje kampioen fan de earste difyzje.

Jong AZ - SC Cambuur 2-4 (0-4): '12 0-1 Peer Koopmeiners (eigen doelpunt); 17' 0-2 Robert Mühren; 21' 0-3 Issa Kallon; 41' 0-4 Erik Schouten; 54' 1-4 Yusuf Barasi; 57' 2-4 Yusuf Barasi.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch (88' Kramer), Schouten, Bangura; Breij (84' Ter Heide), Hoedemakers, Oratmangoen (71' Pouwels); Antonia (84' Doodeman), Mühren, Kallon (88' Korte).

(Advertinsje)
(Advertinsje)