Froulju fan SC Hearrenfean begjinne ferliezerspûl mei lykspul

De froulju fan SC Hearrenfean binne de ferliezerspûl úteinset mei in lykspul. Op besite by PEC Zwolle waard it 1-1.
© Orange Pictures
Imre van der Vegt sette de thúsploech yn de 71e minút op foarsprong. Tsien minuten foar tiid makke de 17-jierrige Jet van der Veen de stân wer gelyk. Yn de slotfaze kamen beide teams net mear ta skoaren.
Yn de ferliezerspûl, dy't fierder út VV Alkmaar en Excelsior bestiet, nimme de teams de helte fan it tal punten út de reguliere kompetysje mei. Dêrtroch stiet Hearrenfean no twadde mei sân punten. PEC giet mei njoggen punten oan de lieding.