Liveblog
|
24 april 2021
Sa wurdt SC Cambuur 'gewoan kampioen': in oersjoch fan minút oant minút
SC Cambuur wûn mei twa doelpunten ferskil fan Jong AZ, en is no kampioen fan de earste difyzje.
Lêst bywurke: 24 april 2021, 22:43
01:00
Ein oan liveblog
De bus fan Cambuur is ûnderweis nei Fryslân. De festiviteiten yn Alkmaar binne foarby. Dêrmei komt der in ein oan it liveblog oer de kampioenswedstriid fan Cambuur.
Yn in ekstra lang Cambuursjoernaal is der dizze sneon wiidweidich omtinken foar de wedstriid, en alle reaksjes. Yn de rin fan de middei is dat te finen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.
00:24
Rêstich op it Cambuurplein
00:19
Gemeente: Kom net nei stadion Cambuur
De gemeente Ljouwert ropt minsken op om net nei it stadion fan Cambuur te kommen, om it kampioenskip te fieren. "Dan houden we corona onder controle."
De spilers fleane kommend wykein mei in helikopter oer de stêd om felisitaasjes fan supporters yn ûntfangst te nimmen.
00:00
Feest yn de klaaikeamer
23:59
Henk de Jong bellet mei syn mem
23:56
Bangura: Tweede helft is een smetje op kampioenschap
De manier wêrop't Cambuur de twadde helte spile, is in 'smetje' op it kampioenskip. Dat seit Alex Bangura tsjin ferslachjouwer Geert van Tuinen.
23:52
Hoedemakers is euforysk
"Dit is fantastisch, wat we hier hebben meegemaakt", seit Mees Hoedemakers. "Dit is uniek, dat kan ik wel op mijn cv zetten. De doelpunten vielen snel, in de eerste helft. In de tweede helft lieten we het lopen. Dat was jammer. Maar we zijn gewoon kampioen."
"We hoorden van de scheidsrechter wat de stand was in Doetinchem. Het is mooi dat De Graafschap daar punten verliest. De strijd om de tweede plek wordt nog spannend. Maar daar hebben wij niets mee te maken."
23:48
Mühren wol 30 bier achteroer wurkje
In wike lyn, by de promoasje, sei oanfaller Robert Mühren dat er 30 bier achteroerwurkje woe. Dat wol er no wol wer. "Zelfde plan!" Hy is tige grutst op de kampioensskaal. "Dit maak je niet vaak mee. Sommigen nooit."
"Wij zijn verreweg de beste. Dat laten we elke week weer zien. En de schaal is een toetje op twee hele mooie jaren."
23:43
Breij: Dit is geen water!
"Dit is geen water!" Dat seit Michael Breij mei in drankje yn de hannen. Baco is it. It mei. Hy is kampioen wurden. "We wisten dat we kampioen konden worden. We begonnen als een malle. De tweede helft was matig. Daar wil ik het niet over hebben."
23:33
Fjouwer kampioensfoto's
23:30
Boetes op it Cambuurplein
It is rêstich op it Cambuurplein, dêr't in wike lyn noch in protte minsken wiene om de promoasje te fieren. Dat seit ferslachjouwer Ronnie Porte, dy't op it plein stiet. Der binne wol in pear boetes útdield, oan minsken dy't wol kaam binne, seit er. Nei tsien oere jildt noch altyd in jûnsklok.
23:28
Issa Kallon mei de skaal
Issa Kallon hie net ferwachte dat it sa gau sa goed gean soe mei Cambuur, seit er, mei de kampioensskaal yn de hannen. "We zijn kampioen! Yeah!"
23:20
De Graaf: Uniek
Direkteur Ard de Graaf fan Cambuur fûn it spannend oant nei de wedstriid, omdat De Graafschap yn Doetinchem noch op likense hichte kaam. Dat sei er direkt nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Andor Faber. "Dit is een fantastische prestatie."
De Graaf jildt as ien fan de arzjitekten fan it súkses fan Cambuur. Nei in miserabele wedstriid, nota bene tsjin Jong AZ, makke hy mei direkteur Gerald van den Belt in kampioensplan. Dat it no, opnij tsjin Jong AZ, safier is, neamt er unyk. "Soms gebeuren dingen zoals ze moeten zijn. De symboliek is duidelijk."
23:17
Schouten: Ik droom hier al twee jaar van
Oanfierder Erik Schouten dreamt al twa jier fan dit kampioenskip. Dat sei er direkt nei ôfrin fan de wedstriid.
23:14
Henk de Jong: No is it klear
"No is it klear." Dat seit trainer Henk de Jong direkt nei ôfrin fan de wedstriid. "We moatte genietsje. It wie in echte kampioenswedstriid. Fantastysk man!"
23:09
De skaal
23:05
Gudde komt it fjild op mei de skaal, mar lit útrikking oan Jan Bruin
Direkteur Eric Gudde fan de KNVB rikt de kampioensmedailles út oan de spilers fan Cambuur. De skaal wurdt útrikt troch Cambuurikoan Jan Bruin.
23:02
Reaksjes op kampioenskip Cambuur live op TV
De earste reaksjes op it kampioenskip fan Cambuur binne rjochtstreeks te sjen yn in ekstra telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân. De útstjoering wurdt presintearre troch Arjen de Boer. Te gast yn de studio is âld-Cambuurspiler René van Rijswijk.
22:58
Feest yn Alkmaar
It is feest yn Alkmaar
22:56
JAWOL!
Einstân yn Doetinchem: 2-2
Jong AZ - Cambuur: 2-4 (einstân)
De Graafschap - Almere: 2-2 (einstân)
22:55
Of toch net???
2-2 yn Doetinchem... Djip yn de blessueretiid skoart Schuurman foar De Graafschap. Mar yn Alkmaar makket Cambuur de kampioensfoto al.
22:48
CAMBUUR KAMPIOEN
Cambuur is kampioen fan de earste difyzje. Noch net hielendal offisjeel, want de wedstriid fan De Graafschap is noch net dien. Mar yn Alkmaar klinkt It Woanskip. Foar de spilers en de stêf kin it net mear mis.
Jong AZ - Cambuur: 2-4 (einstân)
De Graafschap - Almere: 1-2
22:47
Blessueretiid +3 minuten
De skaal is sa goed as yn de bûse. It kampioenskip is te rûken. Der 90 minuten binne foarby, de blessueretiid rint. De earste felisitaasjes komme al binnen, mar offisjeel is it noch net dien.
Jong AZ - Cambuur: 2-4
De Graafschap - Almere: 1-2
22:41
Dûbele wiksel by SC Cambuur
Trainer Henk de Jong hellet twa spilers nei de kant. It giet om Jarcinio Antonia, en Michael Breij. Nick Doodeman en Jasper ter Heide komme yn it fjild.
22:36
Lêste minuten swier foar Cambuur
De earste helte wie de helte foar Cambuur. Yn de twadde helte meitsje de Ljouwerters net folle klear. It kampioenskip is hiel tichtby, mar AZ hat al sjen litten dat der yn trije minuten twa kear skoard wurde kin. En der binne noch 12 minuten te gean.
Jong AZ - Cambuur: 2-4
De Graafschap - Almere: 1-2
22:28
Paulissen nei twa moannen werom by Cambuur
Trainer Henk de Jong bringt Mitchel Paulissen yn it fjild foar Ragnar Oratmangoen. Paulissen hat der moannen út west, nei in blessuere.
22:19
Almere op foarsprong, Cambuur firtueel kampioen
Thomas Verheydt skoart foar Almere. It kampioenskip komt foar Cambuur no wol hiel tichtby. Mei noch in healoere te gean is Cambuur firtueel kampioen. De Ljouwerters sitte op roazen. As Cambuur wint, is in lykspul yn de oare wedstriid genôch foar de kampioensskaal. Mar yn in healoere kin der fanalles gebeure.
Jong AZ - Cambuur: 2-4
De Graafschap - Almere: 1-2
22:13
AZ skoart opnij, spanning komt werom yn de wedstriid
Trije minuten nei syn earste doelpunt skoart Barasi opnij. It is wer in wedstriid, AZ komt werom.
Jong AZ - Cambuur: 2-4
De Graafschap - Almere: 1-1
22:11
Doelpunt Jong AZ
Tsien minuten nei it begjin fan de twadde helte skoart Jong AZ foar it earst. De goal komt op namme fan Yusuf Barasi. Hy wakkeret in fjoerke oan by de thúsploech. Dy begjint no better te spyljen.
Jong AZ - Cambuur: 1-4
De Graafschap - Almere: 1-1
22:08
Blessuere by Schouten?
Nei in oertrêding fan Mohamed Taabouni liket oanfierder Erik Schouten lêst te hawwen fan de foet. Hy stiet wer, en kin fierder. Taabouni krijt in giele kaart.
22:04
Twadde helte los
De bal rôlet wer yn Alkmaar. AZ wikselet. Teun Koopmeiners giet derút, Bram Franken komt deryn.
Cambuur hat noch altyd deselde 11 spilers yn it fjild te stean.
21:57
De earste helte yn fiif foto's
21:48
Almere komt op likense hichte, Cambuur firtueel kampioen
Elias Sörensen skoart foar Almere City. Hy skoot de bal sa achter de keeper. Cambuur is firtueel kampioen fan de earste divyzje. As de stân sa bliuwt, giet de kampioensskaal nei Ljouwert.
Jong AZ - Cambuur: 0-4
De Graafschap - Almere: 1-1
21:45
Rêst
De skiedsrjochter fluitet foar it skoft. Cambuur stiet riant foar, mei 0-4.
Yn in ekstra sportprogramma analysearret Arjen de Boer de wedstriid, mei âld-Cambuurspiler René van Rijswijk.
21:40
Oanfierder Schouten skoart 0-4
As it sa trochgiet, wurdt it in grutte útslach. Oanfierder Erik Schouten skoart de 4-0. It is doelpunt 104 foar Cambuur dit seizoen.
Neffens ferslachjouwer Andor Faber mei Cambuur stadichoan sjen nei it rekôr fan it measte oantal doelpunten yn de earste difyzje. Dat stiet op namme fan Heracles, mei 115 doelpunten. Dat wie yn de jierren '60.
Jong AZ - Cambuur: 0-4
De Graafschap - Almere: 1-0
21:39
Jong AZ krijt in kâns
Jong AZ krijt in kâns op de 1-3, mar de bal giet der net yn. It liket noch gjin wedstriid te wurden. Yusuf Barasi skoot de bal rjocht yn de hannen fan Cambuurkeeper Stevens.
21:30
Healoere spile, Cambuur komfortabel oan de lieding
Nei in healoere giet Cambuur komfortabel oan de lieding. Mar mei de stân fan no binne de Ljouwerters noch gjin kampioen. Dêrfoar moatte se mear punten helje as De Graafschap. Beide ploegen steane op dit stuit op foarsprong.
Jong AZ - Cambuur: 0-3
De Graafschap - Almere: 1-0
21:28
Wedstriid De Graafschap stillein
De wedstriid fan De Graafschap is koarte tiid stillein nei reek op it fjild. Yntusken wurdt dêr wer spile.
21:20
Kallon skoart ek: 0-3
It wurdt in doelpuntefestijn yn Alkmaar. Issa Kallon skoart ek. Nei 21 minuten stiet Cambuur rom foar.
Jong AZ - Cambuur: 0-3
De Graafschap - Almere: 1-0
21:16
Mühren set Cambuur op 0-2
Robert Mühren makket it twadde doelpunt foar Cambuur. De Ljouwerters sitte op roazen, mar bliuwe ôfhinklik fan de wedstriid yn Doetinchem.
Jong AZ - Cambuur: 0-2
De Graafschap - Almere: 1-0
21:12
Eigen doelpunt Jong AZ, Cambuur op foarsprong
Cambuur komt op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Jong AZ. It doelpunt wie fan Peer Koopmeiners.
Jong AZ - Cambuur: 0-1
De Graafschap - Almere: 1-0
21:04
De Graafschap op foarsprong
Foarearst kin de kampioensskaal wer yn de koffer, want De Graafschap stiet al op foarsprong. Al yn de tredde minút makket Elmo Lieftink de 1-0 tsjin Almere City.
21:03
Fjoerwurk by de ôftraap
Direkt by it begjin fan de wedstriid al fjoerwurk, net op it fjild mar bûten it stadion. Supporters fan Cambuur binne meireizge nei Alkmaar en litte fan harren hearre bûten it stadion. De reek komt it stadion yn.
21:00
We binne los!
20:49
Ferslachjouwers Andor Faber en Geert van Tuinen binne der klear foar
20:25
De skaal is yn Alkmaar
Direkteur betelle fuotbal Eric Gudde hat de skaal nei Alkmaar brocht. As Cambuur jûn noch gjin kampioen wurdt, is it noch net wis oft hy nije wike nei Ljouwert komt. "Alleen als de veiligheid gegarandeerd kan worden", seit hy yn petear mei ferslachjouwer Geert van Tuinen.
20:20
Efter de skermen by de ekstra útstjoering
20:06
Jan Bruin rikt de skaal út
By in mooglik kampioenskip fan Cambuur wurdt de skaal net útrikt troch Eric Gudde, mar troch Jan Bruin. Der ûntstie kommoasje oer it plan om Eric Gudde de skaal útrikke te litten.
Cambuur-trainer Henk de Jong seach dat net sitten om't Gudde ferline jier belutsen wie by it beslút om Cambuur net promovearre te litten. Henk de Jong wie benaud dat it útrikken troch Gudde te folle losmeitsje soe by de supporters fan Cambuur. No wurdt de útrikking dus fersoarge troch Jan Bruin.
Bruin is in held by de supporters fan Cambuur en waard yn syn karriêre topskoarer fan de Ljouwerters. De Amelanner makke 73 goals.
20:05
20:02
De 11 fan Jong AZ
19:52
Run op Cambuurflaggen
Der komt fanwegen de coronamaatregels by in kampioenskip gjin grutte huldiging. As alternatyf is betocht dat de spilers yn helikopters oer de stêd fleane. Supporters kinne har tajûchje út eigen tún wei, balkon en strjitte. En dus is der in wiere run ûntstean op gielblauwe Cambuurflaggen.
19:45
De opstelling fan SC Cambuur
19:30
Wolkom!
Goeiejûn, en wolkom yn dit liveblog. Yn dit liveblog folgje we alles wat te meitsjen hat mei de kampioenswedstriid fan SC Cambuur tsjin Jong A