Wêrom soenen je eins de Fryske taal bestudearje? Nienke Jet leit it út

23 apr 2021 - 18:26

Har grutte dream wie om toskedokter te wurden, mar doe't se nei de middelbere skoalle ta trije kear útlotte waard foar de oplieding Tandheelkunde, moast de no 30-jierrige Nienke Jet de Vries út Burgum wat oars betinke. Dat wie al efkes pittich, mar fia in omwei foel har each op it Frysk en spesjalisearre se har yn har memmetaal.

Nienke Jet de Vries - Foto: Eigen foto

Nei har stúdzje koe se op har staazjeplak by provinsje Fryslân fuort oan it wurk. Sa'n seis jier is se no beliedsadviseur Taal & Underwiis. "Myn kennis fan de Fryske taal en kultuer brûk ik alle dagen."

"Nei de teloarstelling dat ik gjin Tandheelkunde studearje koe, haw ik in skoftke biology dien, mar ik fûn de oplieding net leuk genôch. Doe bin ik úteinset mei de bachelor Algemene Taalwetenschappen oan de Ryksuniversiteit yn Grins. By tafal foel myn each op it Frysk en folge ik in oantal fakken. Uteinlik haw ik de hiele bachelor ôfmakke. Ik fûn it geweldich om mear oer myn memmetaal te learen en ek mear oer de skiednis, kultuer en polityk te witten te kommen."

Nienke Jet komt sels út in meartalige húshâlding. "Us mem praat Frysk, ús heit Nederlânsk en myn beppe praat Stellingwerfsk tsjin my. Dat al dy talen neist en trochinoar bestean kinne, dêr bin ik it libjende foarbyld fan", laket se. "Dy meartaligens wie foar my gewoan, ik hie der nea oer neitocht dat dat bysûnder of oars wie. Ik tink dat dat foar in hiel soad Friezen jildt."

Gjin massastúdzje

Dat soe ek wolris de reden wêze kinne dat de measte minsken net sa gau oan in oplieding Frysk tinke as se in stúdzje útkieze. "Eins bêst skande, want it Frysk is hiel eksimplarysk foar in hiel soad oare talen yn de wrâld." Nei har bachelor Frysk folge Nienke Jet noch in master Europeeske Talen & Kultueren en in master Minorities & Multilingualism. Foar beide masters spesjalisearre se har yn de Fryske taal en studearre se cum laude ôf. "It binne gjin grutte massastúdzjes, dat fûn ik in grut foardiel, dat je echt kontakt mei inoar hawwe."

Advys oan provinsjaal bestjoer

"Myn masterstaazje haw ik dien by de provinsje Fryslân en ik koe der nei dy tiid fuort oan it wurk as beliedsadviseur Taal & Underwiis. Dat doch ik no sa'n seis jier." Se advisearret ûnder oaren deputearre Sietske Poepjes oer Frysk taalbelied. "Bist konstant belied oan it byskaven. Belied en wetten dy't al jierren bestean, moatte hieltyd aktualisearre wurde oan de situaasje fan no. Elts hat in miening oer taal of in gefoel derby. Dat makket it wurk ek sa leuk."

Wat kinne je allegear wurde as je de Fryske taal bestudearje?

Ek de stúdzjegenoaten fan Nienke Jet binne allegear hiel flot oan wurk kaam. "Se binne oeral bedarre: literatuerspesjalist by Tresoar, learkrêft yn it middelber en heger ûnderwiis, ûndersiker by de Fryske Akademy of Mercator, sjoernalist by de Fryske nijsmedia, taalbefoarderer by CEDIN en Afûk, beliedsamtner of kommunikaasjeadviseur by gemeenten, provinsje of oare bestjoersorganen. En ik kin sa noch wol efkes trochgean. It is mar krekt hokker kant je op wolle."

Neffens Nienke Jet kin it Frysk foar alle stúdzjerjochtingen in moaie oanfolling wêze. "As je no in berop kieze yn de soarch, hoareka of yn de rjochtspraak, oeral komst mei de Fryske taal yn kontakt en kin it belangryk wêze datst dizze twadde Rykstaal ek behearskest. Je kinne oeral wol in link mei taal meitsje."

En, grutte fraach: hat Nienke Jet har úteinlik der by deljaan kind dat se gjin toskedokter wurden is? "Ik bin bliid mei de stúdzjerjochting dy't ik keazen haw, mar as ik by de toskedokter yn de praktyk stap, fiel ik noch altyd wol dy leafde foar dat moaie berop."

Harkje hjir nei it petear mei Nienke Jet de Vries

Wêr kinne je de Fryske taal bestudearje?

Oan de Ryksuniversiteit fan Grins kinne je je spesjalisearje yn it Frysk by de oplieding Minorities & Multilingualism. Oan NHL Stenden yn Ljouwert kinne je in (fol- en dieltiid) learare-oplieding Frysk folgje (ek yn kombinaasje mei de oplieding Nederlânsk). By beide ûnderwiisynstellingen kinne je boppedat losse fakken Frysk folgje as je in oare oplieding dogge. Fierder biedt taalynstelling Afûk taalkursussen Frysk oan en kinne minsken har oan de universiteit fan Amsterdam en Utrecht en yn Dútslân (Kiel, Flensburg, Bredtstedt) ferdjipje yn de (Noard)Fryske taal.

Minorities & Multilingualism

Omrop Fryslân besteget dizze moanne omtinken oan de universitêre oplieding Minorities & Multilingualism oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't je je spesjalisearje kinne yn de Fryske taal. Studinte Fardau Visser fertelde twa wiken lyn oer dizze oplieding. Vwo-learlinge Syrou van der Velde út Nijhoarne folge foarige wike de presintaasje fan de Online Bachelorwike. Nije wike fertelt professor Goffe Jensma fan dizze oplieding oer de takomst fan de Frisistyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)