SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen: "Het oogt allemaal wat stabieler"

"Dit is een hele belangrijke wedstrijd", sa seit SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen oer it duel fan sneon tsjin PEC Zwolle. Hearrenfean hat de lêste twa wedstriden goed fuotbal sjen litten en dat wol Jansen graach trochlûke. "Dan kunnen we met elkaar bevestigen dat we inderdaad op de goede weg zijn."
Johnny Jansen
Hearrenfean mist yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle allinnich ferdigener Pawel Bochniewicz. Syn plak wurdt ynnaam troch Jan Paul van Hecke.
De klup stiet no tsiende en hat twa punten minder as de nûmer acht Heracles Almelo. Dat plak jout oan de ein rjocht op it meidwaan oan de play-offs foar Europeesk fuotbal. Dat plak like út sicht, mar no't Hearrenfean wer better fuotbal sjen lit en de lêste wedstriid wûn fan FC Groningen, liket de situaasje in stik positiver.
Sa sjocht Johnny Jansen dat ek. "Het oogt wat stabieler, het gaat wat makkelijker aan de bal. Het ziet er gewoon beter uit. Daarom is morgen een heel belangrijke wedstrijd. Dan kunnen we met zijn allen bevestigen dat we op de goede weg zijn."
De wedstriid SC Hearrenfean - PEC Zwolle is sneontemiddei om 16.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân yn it programma Sneon yn Fryslân. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.
Lasse Schöne

Lasse Schöne bliid mei rol op middenfjild

Dat it better giet, hat miskien ek wol te krijen mei it middenfjild. Dat stiet no. Joey Veerman en Lasse Schöne spylje mear kontrolearjend en Tibor Halilovic spilet heger op it middenfjild.
Lasse Schöne: "Wij hebben genoeg goeie middenvelders. Dat draait de laatste tijd goed. Ik speel het liefst controlerend en dat ging nu uitstekend. Nu speelde ik daar met Joey en we wisselen dat vaak af. Die vrijheid moet je wat hebben. Dat werkt goed."

Jansen ek tefreden

Ek Johnny Jansen is tefreden mei it 'nije middenfjild'. Hy bliuwt hammerjen op it enerzjy leverjen en hurd wurkjen. "Na de winterstop hebben we zeven nieuwe spelers gekregen. Dat we daardoor wat wisselvallig zijn geweest, dat snap ik. Maar je mag niet door de ondergrens zakken. Je ziet dat het nu wat beter gaat passen. Dat het beter in balans begint te raken."
Johnny Jansen is tefreden
Lasse Schöne hat in kontrakt foar in heal jier tekene by SC Hearrenfean. Dat rint oan de ein fan dit seizoen ôf. Hy hat it goed nei syn sin by de klup, mar hy wit noch net krekt hoe't it komt en oft hy bliuwt.
"Ik weet nog niet precies wat ik ga doen", seit Schöne. "Tot nog toe is er geen gesprek geweest. Ik wil dit jaar goed afmaken. Laat het duidelijk zijn dat we langzamerhand wel in gesprek moeten over mijn contract."
Lasse Schöne oer syn kontrakt
Pawel Bochniewicz is noch net hielendal wer better fan syn ankelblessuere. Jansen: "Hij heeft wel weer meegetraind. Hij zou tien minuten mee kunnen spelen, maar we hebben er voor gekozen hem klaar te stomen voor de wedstrijd van volgende week tegen PSV."
Fierder is allinnich Jan Ras noch altyd blessearre. De rest fan de opstelling liket deselde te wurden as yn de lêste wedstriid tsjin FC Groningen. It is allinnich noch de fraach oft Raim Kaib of Lucas Woudenberg spilet op de linksback-posysje. Jansen: "Dat hou ik nog even voor mezelf."

Goed2.000 supporters yn it stadion

Foar dizze spylronde meie wer supporters nei it stadion. It Abe Lenstra Stadion hat plak foar 3.400 minsken. Der binne krekt wat mear as 2.000 kaarten ferkocht en dêr komme noch sa'n 100 oant 200 minsken by dy't útnûge binne of by spilers hearre.
Fans fan SC Hearrenfean moatte in negative coronatest sjen litte om tagong te krije. De fans koene net test wurde op It Hearrenfean, mar moasten nei Ljouwert, Grins of Zwolle.
Wierskynlike opstelling tsjin PEC Zwolle: Mulder, Floranus, Van Hecke, Dresevic, Woudenberg (of Kaib), Schöne, Joey Veerman, Halilovic, Siem de Jong, Van Bergen en Henk Veerman.