"Ik voel de pijn binnenin en ik haat het": Fryske rapper bringt oade oan de hoareka

23 apr 2021 - 17:36

Rapper en âld-proffuotballer Bob Schepers hat in spesjaal nûmer útbrocht as oade oan de hoareka yn syn stêd. De Ljouwerter is yn de fideoklip as sjonger en rapper te sjen mei de artyst Fasil. Hy sjongt oer de stilte dy't de coronakrisis yn Ljouwert feroarsaket.

"We wilden dit doen om te laten zien dat de stad zich niet laat wegslaan", sei Schepers. Hy hat foar it projekt finansiring krigen fan de gemeente Ljouwert.

Bob Schepers, mei de artystenamme 'Bobbang', wol de hoareka-ûndernimmers dy't meisjonge yn de fideoklip in hert ûnder de riem stekke. Hy docht dat om't er, sa as er it sels seit, "ik houd van deze stad".

Bob Schepers (L) mei rapper Fasil (R) - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De rappe fleugeloanfaller skoarde by SC Cambuur en FC Utrecht yn 84 duels 12 kear.

Yn de fideo sjongt en rapt er yn ferskate lege kroegen en kafees yn de stêd. Under oare it Oranje Bierhuis, de Strohoed en de Oude Stoep komme foarby.

(Advertinsje)
(Advertinsje)