Ferlies Aris omset yn winst nei reglemintêre straf foar The Hague Royals

23 apr 2021 - 17:00

It ferlies fan basketbalklup Aris Ljouwert tongersdeitejûn tsjin The Hague Royals is omset yn winst. De ploech út Den Haag hat te min fan oarsprong Nederlânske spilers ynset by de wedstriid. Dat hiene der fjouwer wêze moatten, mar it wiene der trije. It basketbalbûn hat dêrom The Hague Royals bestraft.

Foto: Aris Ljouwert

Aris ferlear it duel thús mei 61-63 fan de Haachske ploech. Troch it beslút fan it basketbalbûn is dy útslach no omset yn in reglemintêre 20-0 oerwinning foar de Ljouwerters. Hjirtroch klimt Aris nei it tsiende plak en is de Haachske klup mei in alfde plak hikkesluter fan de Elite B.

De Dutch Basketball League hantearret sûnt foarich seizoen in regeling foar net-Nederlânske spilers. De klups moatte mei minimaal tsien spilers by in wedstriid oantrede en dêrfan moatte der op syn minst fjouwer út Nederlân komme.

Aris en The Hague Royals treffe inoar sneon wer, dan yn Den Haag, yn de earste ronde fan de DBL Cup 2021.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)